Wepperkes -tongersdei-
23 maart 2005Wepperkes -freedtejûn-
25 maart 2005Durk wie foarige wike yn Milaan by AC Milan-Sampdoria. Hy seach in ferskriklike negative wedstriid dy ’t it oansjen, foar Nederlânske begrippen, net wurdich wie. In echte Italiaanske wedstriid. Machtich moai dus!
Hjir diel 2 fan syn fotoserie.
Dit binne Petra, Stefan en Jentsje de Jong. Hjir wie Durk útfanhûs. Jentsje hat eartiids ek noch by SDS fuotballe.
Durk koe it as redaksjelid fan de Treffer fansels net meitsje om net efkes op de perstribune te sitten. Jammer genôch wie hy in dei te gau.
Dit is in foto fan foar de VIP-box. Durk hie graach efkes binnen sjen wollen, mar de doar siet op slot(mar de koelkast wierskynlik ek).
De spilers komme it fjild op en ………nee, der wurd gjin folksliet spile!
Soenen sy hjir yn Italië ek boetes foar jaan?
In ûnoantreklike wedstriid sei Durk?! Hjir yn Nederlân sjogge je noait dat de keeper mei de middenline oerkomt……
Hè?! Der steane ek twa keepers mei in flagge oan de kant fan it fjild!?
It liket rêstich, mar neffens Durk is it mar goed dat der gjin gelûd by de foto sit. “Dy Italianen wurde helemaaaaaaaaaal gek as sy in yngoai mei krije”.
Krij sa’n flagge de Arena mar ris yn.
In aardige Italiaanske woe Jentsje en Durk wol efkes op de foto sette.
Eltsenien giet nei de wedstriid wer syn eigen wei rjochting it board spaghetti(as macaroni as in pizza want it wie fansels snein) fan mem.
Hjirûnder de earste foto’s:
Durk en Jentsje (de Jong) wienen as earste yn ’t stadion(?)
Der is mar ien stadion mei sokke moaie pilaren.
Wat in minsken!
De buorlju fan Durk en Jentsje.
Wat in ein fuort!
De minsken fan de boppeste ring moatte efkes fierder rinne nei hun plak.
De wedstriid kin begjinne.