Evenementen in december 2022

Wepperkes -tongersdei-
12 juli 2006
De nije A-seleksje is bekend!
15 juli 2006

De ôfrûne 3 wike hawwe Aant en Jellie in fytstocht dien lâns de Donau. Fan kilometer 2850 (it begjin fan de Donau) oant kilometer 1921 (bij Wenen) hawwe sij op harren lisfytsen de Donau fan 5 meter breed hast in kilometer breed wurden sjoen. Totaal hawwe se sa’n 1100 kilometer fytst
It Wk fuotbal gie net hielendal oan harren foarbij.


At se harren tintsje opsetten wie stefêst dúdlik hokker nasjonaliteit de buorlju  hiene. Oeral wappere de freeslike dútske trijekleur. Sels at se pisje moasten rûnen de Dútsers mei folle blaas en in flagje nei it húske.  


Etalaazjeruten wiene sadanich beskildere dat je betiden net wisten wat foar winkel it no wie: de bakker of de slachter.

 
It abolute djiptepunt wie de sneontejûn dat Dutslân fan Argentinie wûn. Yn it stedsje Dillingen waarden alle autos folladen mei folwûchsenen, bern en fansels flaggen nei it sintrum dirigeard wêr’t hûnderten autos lûd toeterjend it libben foar in bûtenlanner tige “ûnangenehm” makke.


…en it waard pas rêstich doe’t de akku’s leech rekken…..


… om de finale op in grut skerm te besjen besochten Aant en Jellie it brânwarfeest yn Rossatz (Eastenryk) wêr’t ûnder de froulju net te min bier dronken en net te min fleis iten en noch dikker waarden en boppe de Tammes en Corren bier dronken, snitzels ieten en tillefysje seagen……

 
……yn Wenen hiene se gjin lêst hân fan toeterjende auto’s want dat is dêr ferbean…..

…at je yn Wenen binne, dan moatte je fansels ek al dy prachtige gebouwen besjen. De iene noch grutter en âlder as de oare. It maklikst (en je wurde der net al te wurch fan) is nei it Wiener Riezenrad te gean. Ien fan de âldste fan Europa.


…fan 65 meter hichte sjogge je dan hiel wat moais at je der each foar hawwe….


… mei as absolute hichtepunt: it Ernst Happel stadion, dat yn it selde park stiet as it reuzerêd…..