De SDS EK-League (3)

De Freonen fan SDS (4)
7 juni 2004
SDS D1 slút it seizoen yn styl ôf
8 juni 2004

Noch 5 nachtjes sliepe en dan begjint it EK. Mei it Nederlânske alvetal liket it net sa bêst. Om dochs noch wat nocht oan it EK te belibjen liket it ús ferstânnich om mei te dwaan oan de SDS EK-League. It formulier kinne jimme hjirûnder delhelje. De formulieren kinne jimme ynleverje oan ’t en mei sneon. Yn de Jimbar yn Wommels binne ek dielnameformulieren te krijen.

Foar it EK organisearje wy fan SDS in spesjale SDS EK-League. Foar 5 euro kinne je al meidwaan. As jimme it formulier folledich ynfulle dan wurdt dit jild automatisch fan je bankrekken ôfskreaun. It hinget fan it oantal dielnimmers ôf hoefolle prizenjild as der komt. De stân kinne jimme hjir eltse dei besjen. Ynfulde formulieren kinne jimme ynleverje by:
Willem Wijnia
Walperterwei 21
8731 CC Wommels

of mail se nei:
SDSLeague@vv-sds.nl

Klik hjirûnder en jimme kinne oan ‘e slach!

*
Invulformulier SDS EK-League