Weppers moandei 5-9-2022
5 september 2022SDS-jubileumplaatsjesboek is rûn en de plaatsjes kinne no sparre wurde by Jumbo-Kooistra yn Wommels!
7 september 2022By it 50-jierrich bestean fan SDS yn 1997 waard der foar it earst in SDS-League organiseard.
Dat betsjut dat de SDS-League dus al mear as 25 jier bestiet.
Sjoerd Postma en Meinte Wesselius hawwe de earste edysje organiseard om oan jild te kommen foar dat 50-jierrich jubileum.

Ynmiddels binne wy mear as 25 jier fierder en hawwe wy der noch altiten in soad wille fan.
De transferperioade sit der eindelijk wer op en dat betsjut dat wy wer los kinne mei in nije SDS-League.
It wurdt de 71e SDS-League alwer.
Troch omstannichheden hienen wy ien kear gjin winner.
Oftewol; wa wurdt de 70e winner fan de SDS-League?
De nije spilerslist kinne jim hjir fine:
*Spilerslist SDS-League earste helte 2025-2026
Mocht it formulier net kloppe, mail dan efkes nei willem@vv-sds.nl.
It ynskriuwjild fan €12,50 kin betelle wurde mei help fan de QR-koade.
En oars wurdt it oan it ein fan de SDS-League automatysk ôfskreaun.
De útlis, puntentelling en de prizen foar de earste helte fan it seizoen 2025/2026 kinne jim hjir fine.
Je team moat ynlevere wurde foar
freed 12 septimber 20.00 oere!
Mochten jim noch foutsjes ontdekke yn de nije spilerslist mail it dan efkes nei sdsleague@vv-sds.nl.
(wy meitsje de list mei help fan gratisvoetbalmanager.nl)
Je team moat bestean út:
1 keeper
4 ferdedigers
3 middenfjilders
3 spitsen
Je meie net mear as ien spiler per klup opstelle.
Nije rigel:
Je meie net mear as ien team per persoan ynleverje.
De kosten binne €12,50 per seizoenshelte.
As je oan de earste helte meidogge dan dogge je automatyske ek mei oan de twadde helte fan it seizoen.
Jimme kinne jimme teams wer ynleverje by:
Pieter Kamstra, Hofsleane 25, Easterein
of by
Willem Wijnia, De Homeie 27, 8731 EC Wommels.
Ek kinne jimme jim team maile nei:
SDSLeague@vv-sds.nl
De stân kinne jimme eltse wike neilêze hjir op de webside!
Súkses!!



