De Grutte Klupaksje

Weppers moandei 13-9-2021
13 september 2021
SDS-League: Anouk Delfsma pakt de wykpriis! (de nijste stân)
15 september 2021

Bêste SDS-ers,

Ek dit jier dogge wy as klup wer mei oan ‘De Grote Clubactie’, dy aksje start op 18 septimber.
Dat betsjut dat elk senioarenlid (fanôf JO-19) twa lotten krijt. Dizze kinne jim ferkeapje as sels behâlde foar €3 it stik. Fansels bin der els jier wer leuke prizen te winnen en dêrneist stypje jim SDS.

De papieren lotten krije jim takom wike fan jim lieder, trainer as oanfierder. It jild wat jim krije mei it ferkeapjen fan de lotten, mei jim sels hâlde. Dit jild wurdt mei de kontribusje fan ‘e 2e helt fan it seizoen ferrekene.

Sjoch hjirûnder de link om de papieren lotten ‘corona-proof’ te ferkeapjen.

https://www.clubactie.nl/wp-content/uploads/2020/08/Verantwoord-loten-verkopen-tijdens-de-Grote-Clubactie.pdf

Ha jim noch fragen? Lit it dan witte, mail nei: sekretaris@vv-sds.nl as belje/app nei 06-21467278.

Groetnis, Tryntsje
Skriuwster SDS