De earsten fan Bauke en Jelte-Pieter

Weppers moandei 2-8-2021
2 augustus 2021
Doch mei oan de skiedsrjochterskursus!
4 augustus 2021

Foarôf

Twa Dijkstra’s op de PC.

Twa SDS-ers op de PC.

Hûnderten kenners lâns de line.

Tsientallen kenners bij SDS.

Hoe folle earsten helje de bruorren op dizze PC?

De lotting kinne jim hjir efkes besjen.

Jelte-Pieter is  partoer 14

Bauke is partoer 15

Yn de twadde omloap tsjinelkoar, mar dy earste omloop liket foar beide net hiel maklik…

Boppedat wit Douwe Kooistra ús te melden dat Bauke noch nea in omloop wûn hat op de PC omdat (en dat binne syn wurden) it ferlangen nei de Bogt te grut is.
De Bogt is dit jier ticht miskien skeelt dat in omloap foar Bauke

Sis it mar: app it oantal earsten nei 06-55117582 (Aant)

Johan Delfsma 12
Willem Wijnia 10
Jelle Wiersma 7
Douwe Kooistra 6
Habtamu de Hoop 6
Aant Hofstra 5
Jelte Hitzert 5

 

De dei

It foel net ta om it goeie oantal earsten te foarsizzen. De optymisten rekkenen op in ferrassing, de pessimisten wiene net pessimistysk genôch.

Mar ja, Jelte-Pieter, mei ien earst fleagen der yn gjin tiid  ôf tsjin de winners fan letter.

Bauke helle der 3 en dat hie der krekt sa goed ien mear wêze kinnen.

Mei 4 earsten totaal kinne wij de titel “PC kenner fan SDS”foar 2021 net útrikke.

Wij rekkenje der op dat der takem jier noch wol ien bij is.