D1 oefent

Doelpuntenmakkers 2003/2004
6 maart 2004
Wepperkes(moandei)
7 maart 2004

Traine-net traine

Dat de oefenhoek by de boxen der min by leit witte we no wol. Ferskate trainingen foelen út. We ha lokkich yn gearwurking mei D2 twa kear efter de sporthal traine kinnen. De efterhoeke by de boxen is no wer goed. Ja it waar ek.

 

Oefenje?

Lieders, spilers, trainers, âlders en de internetside fan vv SDS wisten somtiden net mear as der wol as net oefene wurde koe. It waar siet hieltyd yn it paad.

14 febrewaris wie it safier. We oefenen tsjin D2. De spilers fan beide teams hienen elkoar al wiis makke dat hja winne soenen. Der wie efternei mar ien terjochte winner. It ferskil wie te grut tusken D1 en D2. It waard 11-0 foar D1.

Wat wie it ferskil. D1 traint twa kear yn ‘e wike, D1 spilet mear as team, D1 hat yndividueel mear bettere spilers, D1 is D1. D2 kin wol better neffens my. Ynstelling, opstelling en teamwurk kinne mear opleverje foar D2.

 

Wer oefenje!

Op 28 febrewaris de 1e kompetysjerûnte al wer ôflast. Noch wie dit terjochte miskien mar it waar wie wol hiel moai.

6 maart soenen we foar de kompetysje  spylje tsjin Read Swart. Dit gie net troch en lokkich koenen we oefenje tsjin earsteklasser Balk. In sportive en learsume wedstriid mei 4 goals earlik ferdield oer twa helten en twa ploegen. Balk hie de earste helte it bettere fan it spul. It middenfjild wie foar Balk en harren grutte oanfierder. Dochs makken wy de 1-0 nei in foarset fan Andries, naam Doede goed oan en lei de bal yn de koarte hoeke. De lytste man fan Balk (E-pupil) kaam op lofts troch en skoarde 1-1. Yn de rêst opstelling en taktyk oanpast en de twadde helte yn. Balk wie de earste 10 minuten better yn balbesit mar krige folle minder romte troch goed wurk fan de middenfjilders Jarco, Jacob en Wytse en it hurde wurkjen en storen fan Christiaan P. Nei in útfal koe Andries wer ien fan syn  goed foarsetten by Doede krije dy fan de rane 16 mei bûtenkant wreef heech en hurd yn it doe skeat. Balk makke yn de leste minút noch 2-2 doe út ferdigening net hielendal goed stie. Troch in blessuer fan Jort wie it wat oanpassen mar Anton en Kristiaan ha it goed dien yn it sintrum. Allegear hiel goed spile jonges! Sneon 13 maart thús tsjin NOK D1. In wike letter op 20 maart in topper yn de beker: SDS D1 – Bûtenpost D1. Kinne wy deselde stunt úthelje as it earste fan SDS? Kom allegear sjen en moedigje de mannen oan!