Wepperkes -sneon-
14 mei 2005Sneintemoarnwepperkes
15 mei 2005Mei in 0-3 oerwinning op ONT hat SDS 1 it kampioenskip helle yn 2de klasse k. In geweldige prestaasje.
Doelpunten fan Hendrik de Jong en Robert Sijbesma en in eigen doelpunt.
In byldferslach
It SDS legioen wie te gast by ONT yn de Pein
Mei gefoel foar sfear kamen de ONT spilers mei in jeugdteam en de SDS spilers mei selsbetrouen it fjild op
De SDS supporters sochten plak op de tribune en genoaten fan it spul en de hearlike lucht dy’t se foarhinne yn Easterein ek hiene: fan de gêrsdroegerij
Wylst syn kollega keeper Marten Faber suksessen fierde yn Frjentsjer as keatser, wist Remco Brouwer syn doel wer skjin te hâlden.
Klaas en Anne : sy diele in protte “leaf en leed” by it fuotbal
Soms wie ONT efkes gefaarlik, mar Remco wist ek hjir de muorre goed del te setten
Nei de 0-3 koe de bank begjinne mei de sjampanje flessen te ûntkurken
It lêste fluitsinjaal en it is feest. Fotograven geane op syk nei it moaiste plaatsje
Elkenien wie der: it ferslachjouwer fan de krante, de sponstor, in âld-doelman fan it earste, de sponsor, in bestjoerslid dy’t ek graach skoort, de trainer fan folgend jier en in âld bestjoerslid.
De spilers kinne harren gelok hast net op
Klaas sprint nei syn ploech ta, efterfolge troch in fotograaf
Ole, ole ole
En fansels: de supporters woene de ploech lokwinskje
Wichard Deinum mocht foar de lêste kear de parse te wurd stean. Minne Hovenga fan Omrop Fryslân, earder ek fuotbaljend by SDS, stelde de fragen.
Letter hjoed of moarn in twadde searje foto’s