Burgum, wij komme der oan !

Wepperkes -moandei-
26 maart 2006
SCF(MH) pakt kopposysje!
27 maart 2006

1 april om 18.30 oere
Om dy tiid spilet SDS in tige wichtige wedstryd tsjin BCV út Burgum. Mei in oerwinning kin SDS oansluting krije bij BCV, foar it tige wichtige tredde plakje fan ûnderen, want dan hawwe wij de neikompetysje noch as rêdmiddel.

Knyntsjedei
Omdat se op de Burgumer fuotbalfjilden flink lêst hawwe fan kninen en kninegatten, hawwe wij dizze dei útroppen ta de knyntsjedei.
Ek fine wij dat de knyntsjedagen foar SDS 1 no oer binne yn de earste klasse en dat it no dus wêze moat.
Der wurde al tal fan aktiviteiten tarist om der in sfearfolle knyntsjedei fan te meitsjen.


Mei de bus der hinne
Tanksij de ynspanningen fan de aktiviteitenkommisje riidt er in folle bus mei spilers en supporters nei Burgum. Want Gatske Hiemstra hat er persoanlik foar soarge dat de bus fol is. Fansels is it mei de auto ek maklik te dwaan.

Sponsoren
Troch in bijdrage fan 4 sponsoren kinne de supporters sa goedkeap mei. Sponsoren binne:
Kruithof Bouwbedriuw yn Boazum
Bouma, slachter yn Easterein
American Base te Boalsert
Bestjoer SDS

Seleksje
It is fansels net maklik om op in kninefjild te fuotbaljen. Dêrom giet SDS mei in oanpaste seleksje nei Burgum.
Tiisdeitejûn nei de training kinne jim lêze hokker spilers selekteard wurde.
Wij kinne no al fêst sizze dat Flappie Posthumus en Flappie Wijnia der bij sitte.

Spultsje
Om al fêst wat yn de sfear te kommen, stelle wij foar dat jim dizze wike sa no en dan
in spultsje kninefangen dogge. Dan binne al fêst wend oan de kninen en de woartels.

Witte jim noch wat leuks te melden oer de knyntsjedei yn Burgum, mail ús.