Bolswardia-SDS (diel 2)

Opstellingen SDS 1 en 2.
30 april 2004
Jeugdnijs
1 mei 2004

Fan ‘e wike koenen jimme lêze dat eltsenien syn stjintsje bydraagt oan ‘e winst(fansels) fan SDS 1 kommende sneon op Bolswardia. Wy hawwe in oprop dien om te mailen op wat foar wize jimme in bydrage leverje. Jimme kinne it maile nei; info@vv-sds.nl.

Al hiel wat minsken yn ’t spier binne foar in goed rissultaat. Wy koenen lokkich genôch noch inkelde minsken safier krije hun yn te spannen.

*Douwe Durk Reitsma sil foar de wedstriid in petear hawwe mei de skiedsrjochter. Hy sil der foar soargje dat de skieds sneon gjin kaarten jout oan spilers fan SDS. Dit komt moai út. Mocht Be Quick ek winne dan is der by SDS yn elts gefal net ien skorst.

*Haadsponsor Jumbo fan Bolswardia hat in probleem as SDS moarn ferliest. De boadskippen dogge wy dan foartaan natuerlik by de Poeisz. Ek sil de Jumbo inkelde wardeare krêften misse moatte ûnder it personiel. Gerrit “Blomkoal” Terpstra sil de rest fan it jier net mear yn ‘e winkel stean troch syn ferstûke tean. Henk Postma hat gjin tiid mear om foar de Jumbo te wurkjen, want hy moat leare. Mark Postma komt net mear, want hy moat miskien yn ‘e neikompetysje noch mei SDS 1 mei. Sjoerd Rispens is solidair en komt ek net mear. Hendrik de JOng nimt sels ontslag.

De Jumbo kin Hendrik mar serieus nimme!

*Enne Jehannes Bruinsma hat oanjoen net mear by syn swager op ‘e jierdei te kommen as SDS punten lizze lit. Syn swager is Anton Luinenburg, spiler fan Bolswardia 1. Oansjoen dit dreigement net sadanich erfaren wurdt hat Enne it iets oanpast. Hy sil foartaan eltse dei by Anton op ‘e kofje komme as Bolswardia punten pakt tsjin SDS.