At je it sportpark “de Skoalleseize”oprinne en je sjogge net gelyk nei rjochts, mar nei lofts dan stiet dêr in alder prachtichst bankje yn de hoeke.
In bank foar de âldere supporters fan SDS.
In geweldich initsjatyf fan Klaas Overal.Mei help fan Eddy (Lankhorst) de Boer en mei jildlike stipe fan Klaas Overal, Sjouke Sjoukema, Harry Hutting en Kees Jansen is it foar mannen ad Oebele de Boer en Minne Zijlstra in prachtich hingplak.
Ek de jeugd hat it al ûntdekt, mar sy witte harren plak. At de âlderein deroan komt meitsje se spontaan plak.
Oebele seit no tsjin de frou: ik gean efkes bankje en dan bedoelt hy dat er nei it fuotbaljen giet.