Ald-SDS’er Theo Jelsma ferstoarn

Wedstriidferslagen sneon 3-4-2025
3 mei 2025
Ferling je seizoenkaart en fertsjinje 10 eurie foar SDS
6 mei 2025

Ofrûne woansdei is âld-SDS’er Theo Jelsma ferstoarn.

Theo Jelsma kaam op syn 12e jier by SDS fuotbaljen en fuotballe by SDS fan 1 septimber 1959 oant 1 jannewaris 1974.
Yn dy jierren waard hy sawol kampioen mei SDS 1 as SDS 2.
De âldere SDS’ers heuge him as in snelle bûtenspiler.
Hy feroare fan wurk, ferhúze nei Aldeboarn en gie dêr fuotbaljen op snein.
Yn 1975 kaam hy wer yn Easterein wenjen en gie hy wer by SDS baljen.
Hy moast fansels earst al keurd wurde troch de húsdokter. 10 knibbelbûgingen en hy waard goed keurd.

Yn 1983 is Theo stoppe mei fuotbaljen, mar hy kaam dêrnei noch geregeld by SDS sjen.
Ek die hy in soad frijwilligerswurk by SDS ûnder oare by de skjinmakploech en de kalkploech.
Wy hawwe Theo kinnen as in noflike rêstige positive man en sille him misse.

Wy winskje de famylje en neisten in soad sterkte ta mei dit grutte ferlies.

De rouadvertinsje kinne jim hjir fine.