Weppers tiisdei 5-7

Tarieding SDS 1
4 juli 2016
EK woansdei 6-7
6 juli 2016

Floris Hiemstra leider SDS 1
Wy binne der tige wiis mei dat wy melde kinne dat Floris Hiemstra kommend seizoen leider wurdt fan SDS 1.

Trainer foar SDS Vr.1?

Noch altiten binne wy drok op syk nei in trainer foar Vr.1. Liket it dy wat om dit op dy te nimmen, witst ien dy ’t dit wat ta liket, witst in oare oplossing lit it ús dan witte. Mail nei info@vv-sds.nl.

Aktiviteitenkommisje

De nije aktiviteitenkommisje fan SDS begjint al aardich foarm te krijen. Fan SDS 2 komme Allert en Jesse der by en fan SDS 4 Gert-Jan en Eeltje. Fan SDS Vr.1 sitte Hester en Gerry-Edou der al yn en fan SDS 1, Elger en Jacob-Klaas. Fan SDS 3 komt Johan Postma der yn en ……….
Wommelser Kampioenschap moandei 4 july

In opkomst fan 21 minsken ha we dit WK noch net meimakke. Kaam dit troch it wykein? De naderende start fan it foutbalseizoen? of troch it moaie waar? Wer der bij Tour de France sprutsen wurdt fan in ‘wandeletappe’, wie der op it skopfjild fan Wommels neat te merken fan de term ‘zomeravond-voetbal’, mei in inkele utsundering dêr litten. Team gekleurd (10-tal): Bote, Eeltje, Elger, Gerlof-Jan, Henk,  Jaap,  Jacob,  Johan, Marco  en Wiebe. Team Hesjes (11-tal): Andries, Erik, Frank, Hendrik de J., Hendrik E., Lourens, Pieter, Ralph,  Remco, Teun en Willem. It spul wie te kenmerken ien twa spylstijlen; Old school Kick and Rush en op balbezit je kâns ôfwachtsje. Team Hesjes hie meast de bal, mar koe it balbezit net omsette ien goals mei troch de hechte muorre dy’t troch team-gekleurd opsetten wie.  It oertal waard sawol yn reguliere tiid: stan 6-4 foar team gekleurd, as wol mei de golden-goal net benutte.  Wat foel der fierder op:

–          Twa debutanten yn de nammen fan Andries en Bote. Andries hat de Copacabana fan Den Haag tydlik ienruile foar it skopfjild en foutbalkicksen. Wy binne benijd hoe ‘t hy der hjoed byrint?

–          Wêr Bote de mof en lytse bal ynruile hat foar foutbalskoun en in foutbal, hie der better  noch swimbandjes en in angel meinimme kinnen.

–          Mear minsken betsjut ek mear ballen yn de plomp. Of wie dit taktyk?

–          Hendrik E.: de vos en syn streken. In opsichtige handsbal nei in splitende pass brocht redding.

–          De opkomst fan A-seleksje spilers wie grutter dan in normale trainingsjun.

–          Erik wist syn rustmominten wol te pakken. Mar as dit altyd goed útpakt falt te betwifeljen?

–          Eeltje ek wol bekend ûnder de namme: Eeltje Panna, die syn namme ear oan. Troch Erik op prachtige wize yn de lure te lizzen en him als liedend foarwerp fan de jân te bombardearjen. Dizze mentale opstekker soarge der foar dat syn arbeidsethos mei 300% steech.

Harsens derby (1730)
Der binne fêst guon SDS’ers dy ’t dit ek kinne……. it opdrinken wolteferstean…….