SDS-League: ‘FC Munnaps’ pakt de wykpriis!
20 februari 2025Mei twa wedstriden op it programma is it dúdlik sneon in ynhelsneon.
Twa útwedstriden ek noch wol.
At de froast út de grûn is, at der bij alle ploegen genôch spilers binne en at Poetin of Trump ús lân noch net binnen fallen is, dan soe it trochgean kinne.
GAVC 3 – SDS 4 om 13.30 oere
13.30 oere is net in ideale tiid foar de manlju fan SDS 4 om te baljen soenen je sizze, mar de seleksje hat noch net earder sa betiid rûn west as dizze kear.
13 spilers geane rûn 12.20 oere rjochting Grou. De measten sille dêr noch nea earder balle hawwe.
Gert-Jan, Jan-Simon, Ewout, Mark, Tsjipke, Klaas, Ids, Ronny, Jeffrey, Dennis, Minne, Bote en Willem.
Hielpen 2 – SDS 3 om 14.30 oere
Om 13.00 oere fertrekke de mannen fan SDS 4 rjochting de moaiste kantine fan Nederlân foar in bakje kofje. Dan om 14.30 oere efkes balje en dan rûn in oer as 16.32 oere kin de tredde helte mar begjinne.
Mark
Michael
Aiso
Jochem
Niels
Jelte
Allert
Wessel
Kees
Meint
Jorrit
Jorrit Veldman
Jochem (broerke fan Jasper) .
3A
Yn de klasse fan SDS 1 is ek no wer ien wedstriid. De kommende tsjinstanner fan SDS 1, Makkum 1 moat it yn en tsjin Skearnegoutum besykje.
Net oefenje, mar traine
Der stiet hjir en dêr noch wol dat SDS 1 sneon oefent tsjin Sleat 1.
Dat is net sa. Dy wedstriid wurdt tiisdeitejûn spile.
Sneontemiddei sil SDS 1 traine en om 12.45 oere efkes op de foto.
Underhâld
Moarn gjin fuotbaljen yn Easterein, dus hawwe je it moai om tiid om de fjilden efkes in beurtsje te jaan.
Bas van der Weij hat der moai waar by.
Harsens derby (2296)
‘Tikkie werom, Jaap!’
What a finish.. into his own net pic.twitter.com/tkaoVCuRkr
— Dirty Footballer (@DirtyFootbaIIer) February 20, 2025