It fuotbalfjild yn Wommels is net mear……. en dat docht sear foar al dy minsken dy’t witte hoe wichtich it wie foar fuotbaljend Wommels en ek foar SDS. In koarte persoanlike weromblik. Earst wie der de strjitte……… At je yn Wommels yn de jierren 60 fuotbalje woene, dan mocht dat op strjitte. Mei argewaasje fan blomleavende minsken. It hat fansels ek meardere rútsjes koste, wat fansels goed wie foar Nijdam skilders, Tiemersma skilders en Brouwer skilders dy’t er doe noch net wiene yn Wommels. Op it keatsfjild mochten je fansels net fuotbalje…… Doe wie der in Terp……. De Terp, moai sintraal yn it doarp, waard pachten troch Harke Kamstra, dy’t lytsboer wie op de Hofkamp en ek molkrider. Hij woe it fansels net lije dat je op de Terp fuotballen, dus moasten je altiten goed útsjen wannear hij lâns kaam mei de molkbussen. Want Harke Kamstra wie net in man fan oerlis. De soan fan… Sa kin ik mij noch herinnerje dat wij ris fuotballen betiid op de jûn. At wij fuotballen dan holden wij goed yn de gaten dat de molkkarre net de hoeke omkaam want dan keazen wij it hazzepaad. Op it doel stie in gastspiler (hij wie útfanhûs bij my) en hij stie mei de rêch nei de dyk ta, wêr’t mooglik de karre weikomme koe. Foardat wij it goed en wol yn de gaten hiene, kaam Harke Kamstra ynienen mei gong op ús earme doelman ôf en krige in traap ûnder de reet en moast as de soademiter fan de Terp ôf. Wij wiene al fier genôch fuort mar koene noch krekt heare dat de ferbjustere jonge sei: “Mar ik bin de soan fan de boargemaster”. “Al wiest de soan fan de keninjinne, dan noch hasto neat op de Terp te sykjen”, joech Harke oan. Dy earme Sjoerd Tilkema want dy wie it, wie hielendal fan de kaart en hat nea wer bij mij útfanhús west. (Tilkema wie earder sikretaris yn Wommels wenne op de van Sminealeane en is letter boargemaster fan Oldemarkt wurden) Doe wiene der protesten….. At boppesteand foarfal de reden west hat wit ik net mear mar der kamen hieltyd mear protesten en ûnder lieding fan Pieter Kleinjan (no meiwurker bij Bert Visscher) en hij teach mei ús nei it gemeentehûs ta om te sizzen dat it sa net langer koe yn Wommels, ommers fuotbaltalinten gyngen ferlern.
Doe kaam der in fuotbalfjild… It sil earne yn 1976/1977 west ha dat er úteinlik in fuotbalfjild yn Wommels kaam. Yn it jubileumboek fan SDS stiet dat it fjild yn gebrûk naam waard en dat Rients Smit (Kicky) fersoarger fan it fjild waard en dat Anne Jorritsma en Jan Kusters de tee diene. In fuotbalfjild…….hoera It wie in prima fjild dat altyd te brûken wie omdat it sa moai rûn wie. Legere alvetallen hawwe dêr meardere kompetysjes fuotballe en ek ôfskiedswedstriden binne dêr meardere kearen spile. En fansels de jeugd fan Wommels hie no in fêt moai plak om te baljen. De gemeente soarge foar ballenfaners en ek de netten waarden regelmjittich fernijd. De gemeenterie sprekt……. En dan yn ienen komt er immen mei in dwaas plan om de fiver mar ticht te smiten en in stik fan it fjild f te pikken om dêr heechbou te setten foar senioren….. En de gemeenterie dy fynt it in goed plan. want wat moat Wommels mei in fuotbalfjild en der bliuwt noch wol in hoekje oer………
En doe wie it foarbij….. Earste wike july 2006 is der in begjin makke mei it plan fan útfiering. De doelen binne der al weihelle en it strafskopgebiet is al ynrjochte as baggerdepot. Wommels hie al gjin fuotbalklup mar hat no ek gjin fuotbalfjild mear. It is is in griis. It is om te janken.
En de neiste takomst…….? Neffens de berjochten bliuwt er in fjild oer (in traapfjild), wêr’t twa keatsfjilden oplein wurde kinne. It is de fraach at dêr wer doelen en ballenfallers op komme. En dy senioren dy wolle fansels aansens net altyd fuotbaljende jeugd foar de rúten hawwe. En der sil ek wol wer parkearromte komme moatte en der moat mei de Freule ek op keatst wurde dus fuotbalje kin dat dan och wol? De fiere takomst….? Dan sit ik yn ien fan dy seniorenflats bij it fjild en kin net oer al dat lawaai op it fjild en ik gean mei myn rollator de lift yn, nei bûten ta en krekt at ik dêr oankom om de jeugd oan te sprekken, fleane se de bocht om mei de bal …….op wei nei de Terp want dêr meie se wol op, want Wommels is dan autofrij. (aant) |