Woansdei SDS-ledengearkomst

Foto’s SDS 1 – Scharnegoutum 1
16 mei 2022
SDS-League: ‘Op nei de Top’ pakt de haadpriis!
19 mei 2022

Útnoeging ledengearkomst
fan fuotbalferiening SDS op woansdei  18 maaie 2022 jûns om acht oere yn’e kantine op Sportpark de Skoalleseize.
Foarearste wurklist:

 

  1. Iepening
  2. Fêststellen wurklist
  3. Meidielings en/of reaksjes op de notulen en it jierferslach **
  4. Ferslach fan de sponsorkommisje
  5. Ferslach fan de jongereinkommisje
  6. Jierferslach fan de ponghâlder en fêststellen begrúting
  7. Ferslach kaskommisje en beneamen nij kommisjelid
  8. Fêststellen kontribusje

SKOFT

 

  1. Bestjoersferkiezing: ôftredend en net op ‘e nij te beneamen: Tjerk van der Pol (jeugdfoarsitter)
    Ôftredend: Anco Elgersma (ledenadministraasje) Oantredend: Catharina Postma
    Ôftredend en op’e nij te beneamen:
    Syb Overal (wedstrydsekretariaat)
    Henk Postma (ponghâlder)
    Marco Groothof (akkomodaasje)
  2. Rûnfraach
  3. Slúting

 

**  It ferslach fan de foarige ledengearkomste en it jierferslach kinne jimme opfreegje fia info@vv-sds.nl

Sterk Door Samenspel; dus oan’t sjen op woansdei 18 maaie!

It bestjoer.

 

Dit is de útstelde gearkomst fan novimber 2021
Nei de gearkomst kin der genoten wurde fan de Europa-League-finale op it grutte skerm.