WK stân 29-6 en wat oars

WK stân 27-6
27 juni 2014
WK stân 1-7
30 juni 2014

Twa wedstriden juster en dêrtroch lytse mar miskien wol wichtige ferskowingen. Bas van der Wey meldt him yn de top 3 en miskien nimt hij letter hjoed wol de lieding.

D2

Snein slút D2 in moai en learsum seizoen ôf. Hoe let de wedstriid is tsjin de heiten witte wij net mar dat it hjir plakfynt is wis.

Efkes Balje
Mar goed dat de doarpsfeesten foarbij binne want it Efkes Baljen hat bot te lijen fan soks. Gelokkich wie freed it minimum oantal fan 6 Efkes Bllers oanwêzich. Remco, Harry en Aant einigen op in prachtich twadde plakje en Wouter, Pieter en Klaas diene it noch better: sy wiene ien nei lêst.
It doel is wol dat it Efkes Baljen noch efkes trochgiet de kommende wiken dus, leafhawwers fan herte wolkom.

WK skerm
Jim kinne hjoed wer yn de kantine telâne foar it WK duel  Oranje – Mexico. Rom fan te foaren kinne jim de wedstriid efkes foarprate.