Weppers woansdei 9-5

Weppers tiisdei 8-5
7 mei 2012
Weppers tongersdei 10-5
9 mei 2012

Nijs fan de aktiviteitenkommisje
Wa wol it stokje fan us oernimme??
Omdat Amarins (studie), Siemon(oar bestjoer) en ik (nei 6 jier) der mei ophalde, is de fraach hoe no fjirder??
Bin der minsken die it oppakke wolle?? Jim kin jimme melde bij mij
asjaarda@hotmail.com
Wij stopje der nei dit seizoen mei.
Groetnis,
Anny

Fan herte lokwinske!
Anneke van Beem en Jan-Simon Jelsma hawwe ôfrûne moandei in dochter krigen. Har namme is Jannieke. Fan herte lokwinske!
By Jan-Simon kin der no in ekstra flagje op 7 maaie op de kalinder. Anneke krige Jannieke op har jierdei. Fan herte lokwinske!

SDS 3
SDS 3 traint tongersdeitejûn om 20.00 tegeare mei de B-seleksje.

Jierdei
Matthijs Postma hat hjoed syn jierdei. Dizze C1 spiler wurdt 13 jier. Lokwinske.

Tuskenstanden
Yn
dit oersicht kinne jim sjen dat in oantal ploechjes der goed foarsteane. De bannen fan de platte karre kin al fêst wol oppompt wurde liket ús sa ta.

MD1
De famkes fan MD1 spylje jûn om 19.00 oere thús tsjin Stiens MD1. Oanmoedigings binne wolkom.

SDS 5 fuotballet net
SDS 5 fuotballet jûn net tsjin Ternaard 3. Ternaard wol net troch de wike fuotbalje………

SDS League
Moarn kinne jim hjir de einstân fan de SDS League besjen.

Dooitze net, Hendrika wol
Tongersdeitejûn is Dooitze der net om te striken. Hendrika nimt it wer fan him oer.
It sil dochs neat te krijen hawwe mei de einstân fan de SDS League?

Greidhoek’ festival
Ek dit jier is der wer in Greidhoek’ festival yn Wommels. Hoe en wat dat is te hearen op de parsekonferinsje dy’t kommende freed om 19.00 oere holden wurdt yn de Jimbar. Dêr sil ek bekind makke wurde wat der op de planken stiet op sneon 15 septimber.
Dit soe krekt wat wêze foar alle fuotballers mei snorren en baarden.
The Bob Rosses
Soenen sy ek komme?

Harsens derby (757)
Wat it betsjut wat Emenike docht nei it meitsjen fan in goal is ús net dúdlik. De skiedsrjochter wol; sa gau mooglik ûnder de brûs……..








Letter miskien mear!