SDS’ers derop út
8 april 2008SDS League: Ozzy pakt de wykpriis!
9 april 2008Oanrieder
Sneontemiddei wurdt der net folle fuotballe yn Easterein. Allinnich de froulju spylje om 12.15 oere thus. Dit is wol direkt in kraker. Sy spylje dan de derby tsjin de froulju fan Easterlittens. De muoite wurdich dus om efkes te sjen.
Op de foto
Wij wize alle alvetallen efkes op de mooglikheid om t-shirts te winnen. Der wurdt alle wiken in leuke foto fan in alvetal útkeazen. Je moatte dus in orisjinele alvetal foto ynstjoere. Sjoch hjir foar mear ynformaasje. Wij binne benijd at er binnen SDS ek kreative geasten binne dy’t dit oppakke.
De muoite wurdich?
De training fan SDS 2 waard justerjûn lieden troch Robert Hoekstra. Trainer fan SDS 2, Hylke Schrale, wie der net. Hy wie te “skouten” by CVVO 2-Nijland 2. Dit binne de kommende twa tsjinstanners fan SDS 2. As it de muoite wurdich wie kinne jim hjir lêze(klik hjir).
Ynhelwedstriden
Jûn binne der ferskillende ynhelwedstriden foar de jeugd yn Easterein. Wij binne altiten tige benijd nei de útslaggen en karakteristiken. Mail se nei dizze adressen.
VI-kwis
De ôfrûne wike koenen jim by de VI in sjurtkwis dwaan. Der sieten in pear lestige sjurtsjes tusken. Klik hjir foar alle antwurden.
SDS League
Jun hjir de nije stan.
In Panenka
Sa ’t wy hjir ek alris sjen litten hawwe kin net eltsenien in “Panenka-penalty” nimme. In Braziliaan is dêr no ek efter kommen, mar sil dy fout net gau wer meitsje(klik hjir).
SDS Tassen Registraasje Systeem (TRS)
Wy hawwe al in hiel soad, mar noch net allegear. Mail je tasnûmer nei info@vv-sds.nl!
Hy is moai
Je sille dy bal it stadion útjaaie en dan bard der dit: