Weppers woansdei 9-11

SDS League: Fons pakt wykpriis!
8 november 2011
Te keap!
9 november 2011

Werom yn de tiid
Juster stie der yn it ferslach fan Tjerk van der Pol oer C1 it folgjende:
De huidige SDS-coach versloeg in de C’s SDS ooit eveneens met 5 -2 waarna het kampioenschap volgde!
Dy koach is dus Tjerk van der Pol en hij stelt de húskeamerfraach fan dizze wike:
Wie waren de spelers van SDS C1 in seizoen ’79-’80?
Wij binne hiel benijd at it geheugen fan dy SDS-ers selektyf is of net. Dus wiene jim der bij mail ús, wij hawwe der begryp foar dat je ek in kear ferleize kinne fan Heeg.

Sealtraine
E1 en E2 hawwe justermiddei de earste sealtraining hân. Mei 17 man trije ploechjes en in dûbele kompetysje. It moaie is dat de trainer gjin standen hoechde bij te hâlden. Nei ôfrin wisten se krekt te fertellen hoefolle punten alle teams helle hiene en wa’t dus wûn hiene. Moai spile jonges!

Ferslach SDS 5?
Ype Tiemersma moast in ferslachje skriuwe fan de wedstryd fan SDS 5 fan ôfrûne sneon, want oars dan kin hy it fuotbaljen sneon wol op syn búks skriuwe:
Goedemorgen Webmasters,
De gehele selectie van SDS-5 vraagt zich af waar het verslag van YPE TIEMERSMA van afgelopen zaterdag blijft!!!!!!!!!!
Niet schrijven is zaterdag in de topper tegen Beetgum NIET SPELEN!!!!!!!!!!!!!
Groetnis,
Hampie en Wicky
Wy kinne ynmiddels melde dat Ype justerjûn let in ferslagje ynlevere hat en dat kinne jim hjirûnder lêze:
In ferslachje oer de tige spannende  foutbal wedstriid SDS 5 -Tsjom 2 .
Wy de âlde manlju fan it fiifde en wat jonge hûnen fan boppe de tritich binne gjin klup yn de klup fan de foutbalferiening út Easterein. Mar wy binne wol tige grutsk dat wy de treffer as de krante gewoan yn de hân hâlde kinne. Dat wol sizze wy stean boppe-oan en net om ‘t wy it spul op de kop hâlde, lit dat efkes dúdlik weze.Ofrune sneon tsjin Tsjom.  Yn it ferliene hawwe wolris sein,as wy ferlieze dan hingje wy de skuon yn de wylgen. Safier kaam it sneon net,mar it hie ek net  oer. De skuon bedarre yn it jiskefet, fan it hin en wer rinnen oer it prachtiche B-fjild fan de foutbalklup. Gâten en ferslyten rubber fan it drafen en net fan it hinne en wer tikjen fan de bal, der wie gjin tiid foar. De manlju út Tsjom  wiene fysyk wat sterker as ús , mar it technysk fernuft en it tûke foutbal wy by ús wat better fersoarge. Wy wisten ek wol dat it gjin makje wurde soe, de manlju hiene noch net sa wolle tsjintreffers. Dat de Tsjommers  min it net fyne kinne docht ek blyken, hja hawwe in skoare fan noch net ien de wedstriid. We hawwe de lêste tiid wol in feste groep, dan witte jo ek wat je oanelkoar hawwe.En dan roppe  jo ek wolris wat neielkoar ta wat kant noch wâl rekket. Mar as jo winne dan hawwe jo freonen dat blykt wol nei de tiid yn de kantine. Mar werom nei de twa-striid. Einlings hat ús fierdere betroud balfanger yn de earste helte gjin bal fan betsjutting hawn. Earlik sein hawwe wy lytse kanskes hân mar oft dat ferstjinne wie dat skriuwe wy net. Yn de rêst tee, dan kinne jo bygelyks wat rjocht sette, wikselje, oanfiterje ensfh. It dourre al wat lang, en dêr kaam ek gjin wâlm ôf. Wy krygen in bekertsje limonade, sa jammer fan dat rietsje, dat wie in moai skoft tebek. De wedstriid wie wat  fersetten , mar wat docht it er ta. Wiene it de wiksels, de limonade, it moaie waar of dat dêr sa folle entûsjaste minsken om it fjild stiene. Der moast wat barre om boppe oan te bliuwen. Fjôchtsje, brêkke, switte mei ús allen, soargje dat we yn de kantine swere en swetse koene. De twadde helte wie foer ús. En sa as de omke fan ús grinsrjochter seit, as je mear as ien skoare dan de oare dan winne jo. Sa wie it ek. De Tsjommers moasten komme, en wy hawwe foaryn wol wat hurdrinners yn de ploech, dus dat moast goed komme. Dat barde ek,in benaude dochs fertsjinne oerwinning.Ús goudhintsje makke de twa doelpunten, mar yn sa’n ploech as it fiifde is dat nea fan belang. Dêr moatte kânsen komme dan komt de rest ek wol. En de minsken yn de kantine hawwe ek wol heard en sjoen dat it goed kaam. Wat ús al soargen bard, is as jo de útslaggen letter sjoche, dat jo it nea witte yn sa’n kompetysje as it fiifde. Dat de leste mei 0 punten wint, en dat de útslach 13-2 is, dan gjit de gryse je oer de grauwe. Takom wike tsjin de nûmmer twa Bitgum 2, âlde manlju en jonge hûnen freedtejûn stil lizze en gau it ljocht út.
Noflike wike
It fiifde

Harsens derby (604) reaksje
Wy krigen noch in reaksje op ien fan de weppers fan ôfrûne snein. Wy binne wol benijd hoe ’t it sit. Wa kin ús mear helpe?
Folgens my in ûnterjochte giele kaart fan it shirtsje útlukken. Giel is alline mei it fieren fan in goal. En net oars.
DDR

Harsens derby (607)
Dit is in alderaardichste goal: