Weppers woansdei 8-4-2020

Weppers snein 5-4-2020
5 april 2020
Weppers sneon 11-4-2020
11 april 2020

Harm-Auke Dijkstra ek folgend seizoen leider SDS 5

Wy binne al drok dwaande mei folgend seizoen en binne der tige wiis mei dat Harm-Auke Dijkstra ek folgend seizoen wer leider wêze wol fan SDS 5!

Alde Treffers

Wy binne drok dwaande om alle âlde Treffers op de webside te krijen en dan komme je alderaardichste dingen tsjin. Alle Treffers fan 2000 oant no steane no op de webside. Wier de muoite wurdich om ris troch te blêdsjen yn dizze perioade sûnder fuotbaljen.

Agnes en Tarina

Yn septimber 2001 wienen Agnes Posthumus en Tarina Veenje tegeare pupillen fan de wike by in wedstriid fan SDS 1. Wy foenen dizze prachtige foto yn de Treffer fan oktober 2001.

Stikjes fan Hendrik

Hendrik Eringa skreaun yn de jierren 2000 geregeld hilaryske stikjes oer wedstriden fan SDS 4. Dizze fan Hendrik komt út de Treffer fan desimber 2001.

Yn ‘e ûnderbroek?

By de Trefferkes komme je alderaardichste foarfallen tsjin:

Lockdown

Blêdsjend troch it SDS-archyf komme je der efter dat yn 2001 tidens de MKZ-krisis der heechstwierskynlik ek in ‘lockdown’ wie en de kappers slúten. Sels Tjeerd Halbersma hie lang hier…………………………… 😉 Of?

1 1/2 meter!

Je geane hiel oars nei âlde foto’s sjen no ’t wy yn it ‘1 1/2-meter-tiidperk’ libje. Dit soe tsjintwurdich net mear kinne. Begjin 2002 wie dit gjin probleem:

Lokwinskuhhhhhhhhhhhhhhhhhuuhh!!

Dirk de Jong is hjoed jierdei! Fan herte lokwinske!

Harsens derby (2224)

No ’t METZ-Style ticht is tidens de Corona-krisis moat heit of mem it hier wol knippe……… Dat is efkes net oars, mar jou dan wol goed oan welk kapsel as je hawwe wolle……