SDS-League: Marks ‘Noppert United’ pakt de wykpriis!
3 december 2024SDS 1 – SSS’68 1 om 14.00 oere
De wedstriid tusken SDS 1 en SSS’68 1 is sneon net om 14.30 oere, mar om 14.00 oere. Dit is op fersyk fan de Marssumers sadat de SSS’ers dy nei sc Cambuur – ADO Den Haag wolle d6er nei de wedstriid hinne kinne. Dit begjint yn Ljouwert namelijk al om 16.30 oere.
‘Instasjêr’
Brend Toering hat witte litten dat hy probearje wol de Instagramside fan SDS wat op te fluffen en sjen as him dit wat befalt. Hy wol soargje dat SDS 1 sneons wat te folgjen is op Instagram. Ofrûne sneon koenen jim al genietsje fan syn earste bydrages. Jim kinne dat hjir fine; www.instagram.com/sdseasterein/
Brend Toering mei Redmar de Boer as pupillen fan de wike
Pyt
Heech bezoek ôfrûne sneon by SDS. Pyt stie sels te flagjen.
SDS 2 hat sneon frij
De spilers fan SDS 2 hawwe sneon frij. Troch in ûneven oantal teams yn de kompetysje hoefe sy sneon net. SDS 2 hat noch gjin winterstop, want sy meie 14 desimber noch ien helte thús ynhelje tsjin Flevo Boys 3. It stiet 1-0 foar SDS 2.
Drainagebuizen
Ferline wike hat de Skoalleseize grut ûnderhâld dien oan it keunstgersfjild en dizze wike hawwe sy de drainagebuizen op it B-fjild skjinmakke. Dat liket der op!
Bluesky
X (earder Twitter) foldocht ús hieltiten minder en dêrom hawwe wy besletten om oer te gean op Bluesky.
Jim kinne ús hjir fine: vv-sds.bsky.social.
Folgje ús ek op Bluesky. Dan kinne wy ynkoarten hielendal fan X ôf.
It giet moai want ferline wike hienen wy noch mar 1 folger en no al 23.
Harsens derby (2283)
Gekkenboel!
There’s so much going on in this video pic.twitter.com/QYuSCsHD40
— Dirty Footballer (@DirtyFootbaIIer) December 2, 2024
Letter miskien wol mear!