Weppers woansdei 3-9

Weppers tiisdei 2-9
1 september 2014
De nije SDS-League!
3 september 2014

GNT
SDS 4 soe jûn balje tsjin Tzum 1. It giet net troch.

SDS 2 ûnderút
SDS 2 hat juster de oefenwedstryd tsjin Heeg 2 ferlern. By de rêst stie SDS 2 noch mei 2-1 foar en like der neat oan de hân. Genôch kânsen op 3-1, mar dy foel net en dan krije fansels it heft op ‘e noas. 4-2 ferlern…

Woansdeitejûn sealfuotbaljûn
Jûn meie de sealfuotballers fan SDS 1 foar it earst dit seizoen wer los. Sy moatte út nei SNits tsjin SWZ 2. Jûn debuteard Kristian Gaastra en makket Wytze Lanting syn rentree by SDS 1.

Maraton
Wy as fuotballers hawwe mear mei fuotbaljen as mei hurddraven. As wy dan dochs meidwaan wolle oan in maraton dan is it oan “De Maraton” fan Jorwert. Oftewol it Iepenloftspul fan Jorwert. Beide SDS’ers Sjoerd van Beem en Skelte Anema en inkelde SDS-supporters blinke út yn dit iepenloftspul en wy riede dan ek alle SDS’ers oan om dit stik ynkoarten te besykjen. Sjoch
hjir foar data en kaarten.

Swimbad de Klomp
Troch it moaie waar dizze wike noch fêst in soad drokte yn it swimbad yn Wommels. Seker op sneon. Want at wij
dizze list sjogge dan dogge der moai wat (âld) SDS-ers mei oan de triatlon. Fan jong oant âld.
In wike letter wurdt it hielendal in feest bij it swimbad. In muzikaal feest. Wij tinke dat
it programma sa leuk is dat der net in SDS’er it Greidhoek’ festival misse wol.

Ferskil moat der bliuwe

In oare baas, dus in oare (lease) auto. Blind syn……..(gjin idee) en wierskynlik Vermeer in nije Opel……..

Harsens derby(1329)
Wy binne benijd of Kristian of Wytze jûn noch wat aardichs yn petto hawwe: