Weppers woansdei 3-1-2024

Douwe nei SDS, Remco nei Scharnegoutum
31 december 2023
Klaas hat it wer drok
3 januari 2024

ST. SDS-Nijland JO17-1 freed op it jeugd-OFK

ST. SDS/Nijland JO17-1 stiet freed yn de foarronde fan it OFK yn Frjentsjer. Sy spylje yn de folgende drege poule:

De earste 2 yn de poule geane nei de finaleronde op sneon 6 jannewaris.

SDS 1 wer los

SDS 1 sil moarntejûn foar it earst dit jier wer traine. De nije trainer Douwe Posthuma hat der nocht yn. SDS 1 sil 13 jannewaris oefenje tsjin vv Sleat en mei 20 jannewaris ynhelje út tsjin vv Nijland.

SDS op it OFK

De manlju fan SDS meie tiisdei 9 jannewaris los yn de foarronde fan it OFK. It is noch net dúdlik welke spilers hjir hinne sille foar SDS. It begjint tiisdei om 19.30 oere en de poule fan SDS sjocht der sa út:

Opjaan foar de SDS-nijjierssit

Hasto dy al opjoen foar de SDS-nijjierssit?
Der kin sneon kuiere, fuotballe of kaarten wurde. Foar it kuierjen en de neisit mei muzyk hoefe je je net op te jaan. Jou dy hjir op.
Wy hawwe sawisa al 4 tafels mei kaarters, mar kinne noch wol wat fuotballers brûke.
It liket sneon moai waar te wurden, dus dêrom hoefe je it net te litten.

Harsens derby (2217)

Ho!

 

Letter miskien wol mear!