Weppers woansdei 29-5-2024

Mei de bus nei de bekerfinale SDS/Nijland JO14-1-Tynaarlo yn Hollandscheveld.
28 mei 2024
Weppers freed 31-5-2024
31 mei 2024

AZ MO17-1 – FC Groningen MO17-1 yn Easterein

Op woansdei 26 juny komme de famkes fan AZ MO17-1 en Fc Groningen MO17-1 tsjin elkoar oefenjen yn Easterein.
Sa binne beide klups moai likefolle reistiid kwyt.
De muoite wurdich om efkes te sjen tochten wy sa.
De oefenwedstriid begjint om 19.00 oere.
Hjir kinne jim alfêst efkes sjen wat jim ferwachtsje kinne:

Mei de bus nei de bekerfinale

SDS/Nijland JO14-1  spilet sneon de bekerfinale yn Hollandscheveld tsjin ST VAKO/Tynaarloo JO14-1. Sy sille der yn de bus hinne. Der kinne 58 man yn de bus en der binne al 48 plakken fersein, dus as je mei wolle moatte je der by wêze. Klik hjir foar mear ynfo.

De Treffer

No’t it seizoen foar de measte teams klear is kinne wy dwaande mei de lêste Treffer fan it seizoen. It soe moai wêze as wy in stik of wat seizoensferslaggen krije fan teams fan SDS. Klim yn de penne en mail jim stikje nei DeTreffer@vv-sds.nl. Graach foar kommende freed 31 maaie.

SDS EK-League

Hasto dy al ynskreaun foar de SDS-EK-League? Hjir stiet alle ynformaasje.

De neikompetysje-rollercoaster

Juster mocht Nijland 1 yn de neikompetysje foar in plakje yn de 2e-Klasse stride thús tsjin ONR 1. It bleaun lang 0-0, mar ONR tocht de winst binnen te heljen troch yn de 80e minút de 0-1 te meitsjen. Fan Nijland haw je allinnich net earder wûn as dat de skiedsrjochter foar it ein floten hat die mar wer bliken. Wiebren Posthuma makke krekt foar tiid noch de 1-1. Wêr elkenien rekkene op penaltys mocht der ferlingd wurde. Pieter de Jong skoorde krekt foar it ein fan de 1e ferlinging de 2-1. It waard te donker, dus de 2e helte fan de ferlinging mocht op it B-fjild mei keunstferlochting spile wurde. Doe’t ONR de 2-2 makke like it dochs noch út te draaien op penaltys, mar Wiebren Posthuma sette Nijland nochris op foarsprong, 3-2. ONR lei him noch net by it ferlies del en makke krekt foar tiid de 3-3 en sels efkes letter noch de 3-4. Hjir bleaun it by. Wat in rollercoaster!
ONR mei no de folgende wedstriid balje tsjin Zuidhorn en Nijland 1 mei werom sjen op in tige slagge seizoen.

Harsens derby (2252)

Juster dus gjin penaltys bij vv Nijland – ONR. Miskien mar goed ek. Dan bliuwt it spul ek heel……..