Weppers tiisdei 28-10
27 oktober 2014Wheagan-aksje!
29 oktober 2014Movember?
It liket ús wol aardich om as SDS ek wat mei Movember te dwaan. Jim kinne hjir ein fan de wike op de webside lêze wat eksakt de bedoeling is.
Soe Klaas Pompstra ek meidwaan?
Stikken
Al wiken miene wy dat Kristiaan Gaastra syn horloasje stikken is, mar it sit efkes oars. Der blykt in barst yn syn kontaktlens te sitten. Hy hopet tongersdei wer trainen te kinnen. Rekkenje der mar fêst op dat der op tiid komt.
Dûbel
Jelmer Posthumus makke juster in goal op trainen lykas de penalty fan Uth ôfrûne snein tsjin PEC. Foar Jelmer ien gelok; “Uth-goals” telle dûbel!!”
Seizoenskaart
Under dizze link fine jim in prachtige kaart fan Nederlân, wêrop je sjen kinne hoe ít mei de seizoenskaarten sit per klup en per doarp. Sa seagen wij fansels efkes nei ús eigen regio. De gegevens binne basearre op 2013-2014.
Heerenveen | Cambuur | Ajax | |
Easterein | 25 | 2 | |
Wommels | 44 | 9 | |
Hidaard | 1 | 0 | |
Itens | 3 | 0 | |
Reahûs | 4 | 0 | |
Rien | 0 | 1 | |
Kubaard | 6 | 2 | 2 |
Lollum | 8 | 2 | |
Easterlittens | 8 | 5 | |
Spannum | 2 | 0 |
Stienkoal Ingelsk (2)
Ek hjoed noch in oantal mooglike útdrukkingen dy’t van Gaal mooglik yn ferkeard Ingelsk oerset.
1. I Should there not with sitting
2. You are a little Peter Exactly
3. Ik have there a little brother on dead
4. There falls fwe on to farpesten
SDS-League
Moarn komme wy hjir wer mei de nijste stân fan de SDS League.
Harsens derby(1364)
Dat is lekker! Yn de 2e minút al skore! Folgende kear efkes yn de oare goal…………