Weppers woansdei 28-8-2024

Weppers snein 25-8-2024
25 augustus 2024
Beker: NOK 1 – SDS 1
30 augustus 2024

SDS 1 bekert

SDS 1 hat sneon syn earste bekerwedstriid. Sy spylje om 14.30 oere út yn Aldemirdum tsjin NOK 1. Mei oare wurden ‘NOK out’ dus.

SDS 2 bekert net

De bekerwedstriid fan SDS 2 kommende sneon tsjin Blauw-Wit’34 is fersetten nei tiisdei 3 septimber.

SDS 3 traint wer

De mannen fan SDS 3 hawwe der nocht yn en sille tongersdeitejûn foar it earst wer traine. Sy begjinne heechstwierskynlik rûn in oer as 21.00 oere.

Skrik-Festival

Guon SDS’ers hawwe dizze wike net folle tiid om te fuotbaljen. Sy binne drok dwaande mei de tariedingen foar it Skrik-Festival fan kommende sneon yn Wommels.
Jim kinne der hjir alles oer lêze.

Harsens derby (2260)

Ho……