Weppers woansdei 26-3-2025

Yn Nijlân

SDS’er Melle Terpstra spilet jûn mei de JO12 fan sc Cambuur yn Nijlân tsjin Volendam JO12-1.

Op Skylge

It SDS JO8-1 fan Henk Postma mocht ôfrûne sneon nei Skylge om it op te nimmen tsjin AVV JO8-1JM fan âld-SDS’er Samme Overal.
It ploegje fan Samme luts oan it langste ein mei 10-0 en de mannen fan SDS  binne foaral in erfaring riker.

De nije Treffer

De nije Treffer leit by ús haadstiper Drukkerij Van der Eems en wy hoopje dit wykein by jim troch de doar.

Kantine

Gerwin Sijbesma sil tongersdei elkenien yn de kantine foarsjen fan hapkes en snapkes. No al nocht yn!

Der is efentueel ek kofje te krijen.

Supporterskaart

Yn it AD hjoed de supporterskaart fan Nederlân.
Yn Fryslân falt ien ding op:
-It is mear blau fan sc Heerenveen as giel fan sc Cambuur, al liket it sa it giel-blau fan Cambuur……
Hjir kinne jim alles better besjen.
Yn postkoadebegied 8731 binne der mar leafst 88 seizoenkaarthâlders fan sc Heerenveen en yn 8734 18 stiks.
Yn postkoadebegied 8731 binne der 22 seizoenkaarthâlders fan sc Cambuur en yn 8734 sa’n 5 stiks.
Yn Nijhúzum kleuret it read fan Ajax. Mar leafst 5 seizoenkaarthâlders binne dêr. Mear as sc Heerenveen en sc Cambuur.
Rjochtsboppe yn Fryslân binne noch wat seizoenkaarthâlders fan PEC Zwolle en Feyenoord.
Yn Grinslân binne noch wol wat blaue sc Heerenveenbolwurken mei mar mear as 50 seizoenkaarthâlders.

Harsens derby (2305)

Ho!

 

Letter miskien wol mear!

Sneon 9 april Kidsrun by sc Heerenveen
24 maart 2025
Fuotbal op freed
27 maart 2025