Weppers tiisdei 23-2
23 februari 2010Weppers 25-2
24 februari 2010 Nije bus Harsens derby (149)
Der kin fan ‘e wike noch net traint wurde op de fjilden, te folle iis yn de grûn.
Durk.
Froulju traine net
Helaas geen training voor de dames vanavond.
Volgende week kan het denk ik wel!
Helaas!
Groet Johan
F1 ek net
De training van F1 niet gaat vandaag niet door.
Hopelijk gaan de trainingen vanaf maandag echt beginnen.
Gr. Jelmer
SDS 1 moarn nei Snits
Moarn trene by WBP
Fertrek 18.00 oere!
Klean thús alfest oanlûke!
Trene fan 18.15 oant 19.30
Gr. Dick
SDS 2 moarn ek nei Snits
Dêrnei kinne wy it fuotbaljen noch moai efkes sjen yn de kantine.
SDS 3 Giet wer los!!!!!!
Oansjoen it winterwaar no hast wolris oer is, sil it tredde fanof no wer op de fêste tiden traine. Elsenien wurdt dus wer ferwachte op beide trainingsjûnen. Mocht dit net slagje, dan wurdt der fan elsenien ferwachte dat hy him ôfmeldt by Jan as Jeroen.
Mocht it trainen net trochgean dan stiet dat, op syn letst, in oere foar de training op de site, sels yn de gaten hâlde dus.
Foar oankommende tongerdei (19.00 oere) even de draafskuon meinimme foar de wissigheid.
Kom dus allegear!!
Groeten Jeroen en Jan
Oare klup
Dick Schuurman hat foar takem jier in nije klup. En wîj soene sizze in moaie klup, want de webside sjocht der goed en aktueel út.
Dick Schuurman wie sneon efkes te drafen en seach yn De Jouwer by in autohanneler de nije Brouwer-skilderbus stean. Hy kin it om him wol dwaan. De bus is ideaal foar útwedstriden. Hy is moai grut en SDS 1 en 2 passe der tegeare wol yn. De wissels kinne efentueel boppe-op de bus. Jeroen Brouwer moat allinnich noch efkes syn grut rydbewiis helje.
De seleksje fan SC Joure test de nije Brouwer-skildersbus.
Oefene
SDS 2 trainde justerjûn wer op it kuenstgers fan WPB. WPB 1 wie hjir ek oan it trainen. Klaas Okkema en de trainer fan WPB, Johnny Nota, wienen it der gau oer iens. Der moast mar efkes oefene wurde. Dit waard in alderaardichste pot dy ’t úteinlik yn 5-5 eindige.
Yn ‘e seal
De A-junioaren traine jûn yn de seal fan 21.30 oan ’t 22.30. Allegear efkes in eurootsje meinimme.
Woansdeitejûn sealfuotbaljûn
SDS 1 spilet jûn om 20.30 thús tsjin Workum 2. Jaap, Tsjipke, Feite, Tseard, Freek, Peter en Willem sille probearje de 3 punten yn Easterein te hâlden.
SDS 2 moat út yn Ljouwert tsjin Friesland 7 om 21.40.
“Het is een bocht………”
Fansels fine wy it ek tige sneu foar Kramer c.s. dat Sven justerjûn wat koart troch de bocht gie en dêrtroch diskwalifiseare waard. Wy finne it allinnich noch folle slimmer foar ús SDS’ers Samme en Dirk-Yde dy ’t dêr yn Vancouver sitte. Sy moasten nei de desastreuze 10 km ek noch nei it Holland Bierdrink Hûs nei Guus Meeuwis. Hy spile dêr fansels de hiele jûn syn nije hit; “Het is in bocht………..”
Nije skuon
Eeltsje Postma syn nije fuotbalskuon foldogge net al te best. Sa koenen jim hjir foar 2 wiken werom de blier sjen dy ’t hy troch de skuon oprûn hie. Lokkich genôch wienen dy blieren juster aardich heelt(sje). Der siet sels al wer in bytsje eelt(sje) op. No wie der al in oar probleemke mei de skuon. Eeltsje bleaun mei in skoen oan it stek hingjen en no sit der yn ien skoen in grut gat en is dus net mear heel(tsje)………
Dizze maskotte fan Cruzeiro hâldt nei in goal dúdlik syn kop der net hielendal by: