Weppers woansdei 23-9

Weppers tiisdei 22-9
21 september 2015
Weppers tongersdei 24-9
23 september 2015

Bylden
Mocht trainer Munsterman mear witte wolle fan de tsjinstanner fan kommende sneon, dan kin hij miskien wat wizer wurde fan
dizze bylden. Opnommen ôfrûne sneon tsjin QVC.

Jild SDS-League
Dizze wike is it jild fan de SDS-League ôfskreaun. Dat is net it ynskriuwjild fan dizze edsyje mar fan de foarige. Troch alle drokte rûn sc Heerenveen-MVV is dat der doe by yn sjitten. Ekskúses dêr foar!

Woansdeitejûn efkes gjin sealfuotbaljûn
De sealfuotballers fan SDS 1 binne dizze wike frij. Dat komt goed út, want keeper Johan Heerma is noch blesseard oan syn kût. Hy doart eins net nei Dooitze, want dan moat der bekenne dat hy ferline wike foar de wedstryd gjin warming-up dien hat…….. Dochs stiet nije wike de topper tsjin Haskerland 5 op it programma en is it neat om yn de rolstoel op goal te stean.


Treffer
It wurdt hast ek wer tiid foar in nije Treffer! Tongersdei 1 oktober hawwe sy harren earste gearkomst fan 2015-2016. Nij redaksjelid Tjerk van der Pol sil dan foar it earst fan de partij wêze.

Wike fan de skiedsrjochter
Fan 3 – 10 oktober is it de wike fan de skiedsrjochter. Alle skiedsrjochters krije dan fan de KNVB in lyts kadootsje. Jim kinne hjir in klupskiedsrjochter fan SDS oanmelde dy ’t yn in oanmerking komme mei foar in alderaardichste priis fan de KNVB. Wat ús oanbelanget meie sy allegear wol in dikke priis!

Alderaardichst
LOL: Ziyech denkt dat Marokko meer kans maakt op bereiken EK, dan Oranje

Harsens derby (1595)
Dizze assistent-skiedsrjochter mei wol efkes op ‘e nij nei de skiedsrjochterskursus: