Weppers woansdei 23-1

Weppers tiisdei 22-1
21 januari 2008
Weppers tongersdei 24-1
23 januari 2008

Woansdeitejûn futsaljûn
Jûn om 20.30 yn sporthal de Greidhoeke de wedstryd tusken SDS 3 en Haskerland 6.

Net traine
SDS C2 hoeft jûn net te trainen. Dit berjocht krigen wy fan André Vink:
Helaas de omstandigheden laten het niet toe om normaal te kunnen trainen.
vr gr Andre

Kleed
Miskien is it foar de Skoalleseize in idee om it trainingsfjild en de fuotbalfjilden fan SDS ôf te dekken mei in plastic kleedsje tsjin it reinwetter. SC Heerenveen hat noch wol in kleedsje lizzen.
It fjild fan SC Heerenveen waard ôfdekt foar de wedstryd tsjin VVV fannejûn.

Net kreas(2)

Sa ’t jim juster lêze koenen doarre wy it op dit momint, om it ledenoantal op peil te hâlden binnen SDS, net oan om: “De ferkiezing fan de minst krease fuotballer fan SDS” te hâlden. Dochs hawwe wy wol in idee wa ’t de winner wurde soe oer in jier as 10:
………

Treffer
De Treffer leit by de drukker. Wy hoopje dat der dit wykein by jim yn de bus leit.

Agenda Skoalleseize
As je in fergadering as soksawat hâlde wolle yn de nije kantine dan kin je dat melde by
Geartsje Bootsma. Sy hâldt dit by yn in krease aginda dy ’t wy sûnt juster publisere op de SDS-side. Der kin noch wolris in lyts foutsje ynsitte mar foarearst sjocht it der kreas út(sjoch hjir). Wy sitte der ek oer nei te tinken sa ’n aginda op de webside te plaatsen foar SDS.

Eigenaardichheden
Eltsenien hat syn eigenaardichheden foar in fuotbalwedstryd. De ien rookt ien, de oar moat noch efkes útgebreid nei it húske, wer in oar stoppet syn piip, snút syn noas of smoart de rêch fan de buorman yn mei hyt guod en noch wer in oar lûkt de string nochris ekstra heech op. Neat om raar fan op te sjen. Dit is al nuver.