SDS-League: Niels & Sije pakke mei Pompoen de wykpriis!
21 februari 2023Sparje foar in pannakoai
22 februari 2023Giet net troch
De oefenwedstriid tusken SDS 1 en IJVC 1 giet tongersdei net troch. Spitich genôch hat SDS 1 noch altiten tefolle blessures om in wedstriid fuotbalje te kinnen. It is de bedoeling no om kommende tiisdeitejûn om 20.00 oere te oefenjen.
Kantine iepen
De kantine is tongersdeitejûn wol gewoan iepen lykas oars op tongersdeis, want der wurdt wol traind. Dêrneist kinne de Europeeske wedstriden fan Ajax en PSV sjoen wurde op it grutte skerm. Marco Hoekstra soarget foar de hapkes en de snapkes.
Programma
Sneon is der net folle fuotbaljen. SDS JO19-1 fuotballet om 12.00 oere thús tsjin Sneek Wit-Zwart JO19-2 en SDS 2 oefent om 14.30 oere thús tsjin Leeuwarder Zwaluwen O21.
Johan Dersken yn it Dielshûs
Jim seagen al reklame by SDS hingjen en no kinne jim it hjir ek lêze:
Kaarten binne nije wike by SDS te krijen fia info@vv-sds.nl en noch makkelijker by de Fizel yn Wommels en by it Snackhûs.
SDS Look-a-likes
Foar de nije Treffer binne wy ek wer op syk nei nije SDS-look-a-likes. Fine jim in SDS’er op in fuotballer, in bekende Nederlander, in Dútser, in blomkoal, Doutzen Kroes of oars ien of wat lykjen mail ús dan in foto. It leafst fansels mei de foto op wa ‘t jim degene lykjen fine. Wy binne hiel benijd.
Mail jim SDS-Look-a-like nei info@vv-sds.nl en miskien komt der dan yn de folgende Treffer.
Harsens derby (2140)
Toet, toet, Kvaratskelia!
Another tricky assist Khvicha Kvaratskhelia 🎯pic.twitter.com/29b86w2lpO
— Siaran Bola Live (@SiaranBolaLive) February 22, 2023