Weppers woansdei 19-11-2025

Foarbeskôging beker: Drachten 1 – SDS 1
17 november 2025
Weppers freed 21-11-2025
21 november 2025
Foarbeskôging beker: Drachten 1 – SDS 1
17 november 2025
Weppers freed 21-11-2025
21 november 2025

Trainer socht

Foar de JO10-2 binne wy dringend op syk nei in trainer dy’t op woansdeitemiddei(ein fan de middei / jûn) de 7 spilers training jaan wol.
Wa o wa wol dit oppakke en ús út ‘e brân helpe?
Gr. Sipke TC Jeugd SDS.

Trainer fûn!

De trainer foar de JO10-2 is fûn. Luka van der Weg hat him melden. Hy hie it berjocht op de website sjoen. Dus helemaal top. Bedankt!
Gr. Sipke TC Jeugd SDS.

vv Drachten 1 – SDS 1  (beker)

Justerjûn wie de bekerwedstriid vv Drachten 1- SDS 1. Nei in 1-1 rêststân wist Drachten de wedstriid mei 2-1 te winnen.
Ate Schaap makke it SDS doelpunt.
SDS spile in goeie wedstriid yn Drachten en wie de likense oan 3e-Klasser Drachten.
SDS kaam mei 1-0 efter, mar Ate witst krekt foar de rest 1-1 te meitsjen.
Ate wist yn de twadde helte ek de 2-1 te meitsjen, mar de skieds keurde de goal om unbegryplike reden of.
De skieds hie it sawisa al net op SDS stean. Hy woe eins net oan de wedstriid begjinne om’t de SDS-sokken deselde kleur hienen as dy fan Drachten……
Der kamen noch kansen oan beide kanten, mar Drachten makke 2-1 nei 75 minuten en hjir bleaun it by.

In moaie priis foar Wybren

Op 1 novimber binne Wybren en Ids Politiek nei de wedstryd sc Cambuur – Jong Ajax west.


Foar de wedstryd koene se meidwaan oan ferskillende spultsjes werby priizen foelen te winnen werûnder emmertjetrap.
Ofrûne wike krige Wybren te hearen dat hy fan de 80 dielnimmers de measte punten  skoard hat en dus de earste priis wûn hie!

Hy krige in moaie Keukenkampioen bal oanbean mei alle handtekeningen fan de Cambuur seleksje derop
(ek al is hy in Ajax fan en foel de útslach fan de wedstryd wat tsjin… dizze priis makke alsnoch in soad goed! )

Kantine

Moarn nei it trainen is de kantine wer iepen. Tim Sweering sil elkenien foarsjen fan in hapke en in snapke.

Harsens derby (2345)

Ho!