Weppers woansdei 19-10-2022

SDS-League: ‘It bliuwt in gokje FC’ pakt de ‘jackpot’!
18 oktober 2022
Weppers tongersdei 20-10-2022
20 oktober 2022

Meinte-Sixmatoernoai

Fannemiddei is wer it jierlijkse fuotbaltoernoai foar de jeugd oant 13 jier mooglik makke troch de erven fan Meinte Sixma. It begjint om 14.00 oere. De muoite wurdich om efkes te sjen tochten wy sa.

De foto’s fan it Meinte-Sixmatoernoai fan 2020

Woansdeitejûn sealfuotbaljûn

De sealfuotballers fan SDS 1 spylje jûn om 20.00 oere thús yn sporthal De Greidhoeke tsjin Futsal Heerenveen 5.

SDS-jubileumfuotbalplaatsjes

Der binne gjin fuotbalplaatsjes mear te krijen by Jumbo-Kooistra yn Wommels. De aksje is dien. Mochten je it boek noch net fol hawwe dan kinne je yn de byb te plak foar je lêste plaatsjes. Hjir stiet in ruilbak mei dûbele plaatsjes. As je noch dûbelen hawwe dan kinne dy dêr yn.

SDS-jubileumplaatsjesboeken

By Jumbo-Kooistra binne de SDS-jubileumplaatsjesboeken op, mar wy hawwe noch wol in pear. Mocht der noch graach ien in boek hawwe wolle lit dat dan efkes witte fia info@vv-sds.nl.

Grutte skrik

Sa leit er tiisdei in slüf yn de brievenbus bij de famylje Albada yn Wommels.

Friso twittert der oer:
In betankje oan degene die it fuotbalplaatsje fan us Marit yn de brievenbus goaide. We skrokken allinne wol fan de envelop

Eeltsje en Ellen

Sneon moast SDS 3 thús fuotbalje tsjin Foarút 2. En wat docht it tafal. By Foarút 2 spilet in famke. En by SDS 3 spilet Eeltsje Bootsma. En lit no krekt Eeltsje fant simmer mei dat famke túten hawwe. Ellen mocht de earste helte op de bank begjinne en kaam der yn de rêst yn by Foarút 2. Eksakt tsjinoer Eeltsje. Eeltsje die krekt of wie der neat oars as oars en fuotballe in goeie twadde helte. Ek syn tsjinstanster spile in knappe pot. dMei de 3-3 einstân koenen beide dan ek fêst libje.

Kantine

Tongersdeitejûn is de kantine wer iepen. Inne Heerma kin net bardraaie om ’t hy op krukken rint, mar Robin van der Weg sil it fan him oernimme. Dat wurde coole plaatsjes en waarme frikandellen!

De nije Treffer

De Trefferredaksje is dwaande mei de nije Treffer en hoopt dit wykein klear te wêzen. Hawwe jim noch nijtsjes of oars wat foar yn de Treffer lit it ús dan witte.

SDS Look-a-likes

Foar de nije Treffer binne wy ek wer op syk nei nije SDS-look-a-likes. Fine jim in SDS’er op in fuotballer, in bekende Nederlander, in Dútser, in blomkoal, Doutzen Kroes of oars ien of wat lykjen mail ús dan in foto. It leafst fansels mei de foto op wa ‘t jim degene lykjen fine. Wy binne hiel benijd.
Mail jim SDS-Look-a-like nei info@vv-sds.nl en miskien komt der dan yn de folgende Treffer!

Harsens derby (2101)

Toet, tooooooooooooooeeeeeeeeet!