Weppers moandei 13-10-2025
13 oktober 2025Weppers freed 17-10-2025
17 oktober 2025SDS JO11-1
Wy krigen noch in prachtige teamfoto fan SDS JO11-1 binnen. Is it net in plaatsje?

SDS JO11-1 2025-2026
Fan links nei rjochts: Mika de Jong, Fender Flisijn, Xander Geertsma, Redmer Kamstra, Ynse Fedde vd Valk,
Quin Hoitinga, Ties v Wijngaarden, Melle Wiersma, Ids Politiek, Sven Sijbesma, Jesse vd Ploeg
ST SDS/Nijland JO13-1
Ofrûne sneon gie de JO13-1 mei 4-1 ûnderút tsjin kampioen MKV’29. It ferslach kinne jim hjir lêze op de webside fan vv Nijland.
De JO13 mei jûn alwer los. Sy spylje om 18.45 oere thús tsjin sc Franeker. De wedstriid is yn Nijlân.
SDS-tas te plak
Jim koenen moandei by de weppers lêze dat Arnout Meijer syn SDS-tas sneon meinommen wie troch in oare SDS’er. Nei ienich speurwurk binne wy der efter kaam wa ’t Arnout syn SDS-tas mei AM der op hie. It gie fansels om de SDS’er mei tas 23 dy’t noch by de sporthal stie. En mei trainingsjaske nûmer 13 yn de tas…..

Dit siet yn SDS-tas 23.

Dat kin net misse………….. Auke Hiemstra.
Prachtige goal yn byld
Frâns Veldmans út Aldegea makke sneon prachtige foto’s by SDS 4 – Oudega 1. Foaral de earste prachtige stiftgoal fan Hendrik de Jong kaam moai yn byld:

SDS-ledengearkomst
Alfêst foar yn de aginda. De SDS-ledengearkomst sil plak fine op tongersdei 13 novimber yn de fuotbalkantine.

Lokwinskuhuhuhuhuhuhuhuhuhuhuhuhuhuhuhhh!
Robin van der Weg fan SDS 1 is hjoed jierdei. Fan herte lokwinskuhuhuhuhuhuhuhuhh!

Kantine iepen
Tongersdei nei it trainen fan SDS 1, 2 en 3 is de kantine fansels wer iepen. Dit kear gjin Europeesk fuotbal op it grutte skerm, mar barkeeper Sietze Stoffelsma wit der fêst in feessie fan te meitsjen. Robin trakteard.

Harsens derby (2332)
‘Tikkie werom, Jaap’.
The MLS is not a real league pic.twitter.com/R9POS1cz6h
— Dirty Footballer (@DirtyFootbaIIer) October 13, 2025


