Weppers woansdei 13-8

Programma SDS 1
12 augustus 2014
Kompetysje-yndielingen C’s en D’s
13 augustus 2014

Noch fan herte lokwinske!
Allegear noch fan herte lokwinske mei de 67e jierdei fan SDS ôfrûne snein!

SDS MD1
De trainingstiden foar MD1 binne bekend:
Tiisdei 17:30 tot 18:30 troch Gert Jan Hiemstra.
Tongerdeis fan 17:00 oant 18:00 oere troch Hans van der Schaar.
Hans van der Schaar is ek de leider fan dit team.
Kommende sneintemoarn hawwe dizze froulju op Harnser stran in “kennismakingstraining”.

A1 training
Kommende sneon begjint de training fan A1. Fan 10.30 oant 14.30 oere.


Doarpentoernooi 2014
Op 30 augustus is der wer it ferneamde doarpentoernooi yn Easterlittens.  It giet om teams fan tenminste 7 fuotballers. Jim kinne der
hjir alles oer lêze. Opjaan moat foar 24 augustus.

Oefenje
SDS 1 hie justerjûn in oefenwedstriid tsjin AVC. SDS wûn mei 6-0 nei mei de rêst al mei 2-0 foar stien te hawwen. Wytze(2x), Jelmer, Tsjipke, Erik en Wiebe makken de doelpunten.

SDS 1 seal
De sealfuotballers kinne dit hiele seizoen wol op de fyts nei sawol harren thús as útwedstriden. Allinnich as sy nei Jubbegea of Haskerland(De Jouwer) moatte is it ferstannich om iets earder te fertrekken:

Bolsward 2
Bolsward 3
Haskerland 4
Jubbega 2
ONS Boso Sneek 2
RES 3
RES 4
SDS 1
SWZ Boso Sneek 2
SWZ Boso Sneek 3
SWZ Boso Sneek 4

Alderaardichst
Sa hawwe altiten wat om te jûchheien!
fashion2

Harsens derby(1315)
Och, wy misse dochs allegear wolris in kâns…….