Weppers woansdei 13-10-2021

Weppers moandei 11-10-2021
11 oktober 2021
Seleksjes sneon 16-10
15 oktober 2021

Kaaike fûn


Mocht immen woansdeitejûn in kaaike ferlern hawwe op it keunstgers yn Easterein, dan is sykjen net mear nedich. It kaaike is fûn troch Boudewijn Kramer en it is no op de Van Eysingaleane 22….

Sealbalje

Jûn om 20.00 oere   wie der sealfuotbal.  De mannen fan SDS seal 1 tsjin FFS út Stobbegat. It waard in 2-1 oerwinning foar SDS troch doelpunten fan Sjoerd de Boer en Douwe Jan Vellinga

Reinbôgeflaggen foar Fryslân


SDS docht lykas mear as 50 oare Fryske fuotbalklups mei oan de aksje ‘Regenboogvlaggen voor Fryslân’. Lykas oaren hawwe wy online in flagge plante op www.regenboogvlaggenvoorfryslan.frl en hienen wy ôfrûne sneon alfêst in Reinbôgeflagge yn top op sportpark de Skoalleseize om ’t der sneon 16 oktober net folle wedstriden binne yn Easterein. Wy dogge dit om sjen te litten dat elkenien wolkom is by vv SDS. Je wurde aksepteare sa as je binne!
Wy steane foar ferskaat en lykweardigens! It makket by SDS net úst as je no hetero-, homo-, biseksueel of oars wat binne. Elkenien is fan herte wolkom; as spiler, spylster, frijwilliger, skiedsrjochter as besiker.
Plantesto ek ien fan de 1.100 online flaggen op www.regenboogvlaggenvoorfryslan.frl?
Mochten je fragen hawwe oer de aksje dan kinne je altiten kontakt opnimme mei
* ien fan de bestjoersleden, of
* Tineke Admiraal (koördinator, e-mail tinekeadmiraal01@gmail.com)
Mei freonlik groetnis,
it bestjoer fan vv SDS

Oefenje

Jûn om 19.00 oere oefent ST. SDS/Nijland JO15-1 tsjin ST. De Walde/Woudsend yn Nijlân.

 

Nije sponserbuorden

Bouw-Tekenburo wietseligthart.nl, Wommels hat sels twa prachtich nije sponserbuorden makke. Dit liket der mar op!

Sponserbuorden

It is net de bedoeling om de sponserbuorden rûn it haadfjild te brûken as goaltsjes. As je in bal tsjin in reklameboerd oan skoppe kin, foaral as it wat kâlder is, sawol it boerd as de ophinging gau stikken gean. Ek tidens de warming-up der dus net tsjinoan skoppe.

Sa’n prachtich sponserboerd is sonde om tsjinoan te baljen fansels

OFK

De organisaasje fan it Iepen Frysk Kampioenskip sealfuotbaljen út Frjentsjer lit ús witte dat yn jannewaris wer it jierlijkse OFK balle wurdt nei 2 jier stil stien te hawwen. No al nocht yn!

Balpylder


De SDS-balpylder stie sneon te glimkjen yn de sinne mei de wedstriidbal en de wedstriidstipers KBC Keukens, Scharnegoutum en TMB De JONG BV, Wommels.

SDS Look-a-likes

Foar de nije Treffer binne wy ek wer op syk nei nije SDS-look-a-likes. Fine jim in SDS’er op in fuotballer, in bekende Nederlander, in Dútser, in blomkoal, Doutzen Kroes of oars ien of wat lykjen mail ús dan in foto. It leafst fansels mei de foto op wa ‘t jim degene lykjen fine. Wy binne hiel benijd.
Mail jim SDS-Look-a-like nei info@vv-sds.nl en miskien komt der dan yn de folgende Treffer!

Harsens derby (2317)

Ek wol noflik as der ris gjin VAR is……….