Weppers tiisdei 12-10
11 oktober 2010Yn de seal winter 2010-2011
13 oktober 2010Oefene Trainingsseleksje SDS 2 Kommende tongersdei wurde de folgende nammen ferwachte op de training fan SDS 2. De mannen fan de B-seleksje dy’t der net bystean traine by SDS 3: Andries Sytse Arjanl Ariep Elger Grytzen Jansimon Syb Jeltep Bauke Gerrit Anne Robert Dennis Harmjan Sjoerd van beem Afmelden op 0646090270 Johan
SDS 2 hat justerjûn oefene tsjin Heeg 1. Hjir it ferslach fan Johan Faber:
Uitslag oefenwedstrijd Heeg 1 – SDS 2 0-0
SDS had veel balbezit maar wist geen ruimte te vinden in de hechte defensie van Heeg. Kansjes waren er wel op het einde alleen toen ontbrak het aan scherpte.
Man van de wedstrijd: Arie Turbo Posthumus
Foto’s SDS 1 – Minnertsgea 1
Wa ’t de goal fan Jelmer Posthumus ôfrûne sneon tsjin Minnertsgea sa krekt nei de rust mist hat kin him hjirûnder noch efkes op de foto sjen. Sjoch foar mear foto’s hjir. 
Nee, it wie gjin eigen goal. Jelmer stiet der ek noch ergens tusken.
SDS-sealtoernoaien
Set dit mar fêst yn de aginda:
18 december B+C junioren van 9.00 tot 12.00/13.00
27 december Dames 1/2 van 18.30 tot 22.30
15 januari D+E+F pupillen van 8.00 tot 16.00
29 januari Senioren + A-junioren van 18.30 tot 22.30
Fan herte lokwinske!
De grutte oanjaagster fan it frouljusfuotbaljen by SDS, Anke van Asselt, is hjoed jierdei! Fan herte lokwinske!
Dêr mei Anke wol ien op keapje!
Fetpersentaasje
By SDS binne sy aardich dwaande mei de fetpersentaasjes. Sa ek Bote Strikwerda. Hy mocht juster SDS 3 trainen jaan en hie in paste oefening betocht. In partijtsje sûnder goals en der mocht fansels allinnich skoord wurde troch middel fan in…….. lijndribbel……
WK-Bootcamp!
Jûn kinne jim hjir de offisjele WK-Bootcamp-film foar it earst sjen (sjoch weppers moandei). Helje de priklimonade en de hite nútsjes mar fêst yn ‘e hûs!
Slepe!
Hoe Lang woe net wer wiksele wurde. “As ik no wer wiksele wurdt dan sille sy my fan it fjild slepe moatte……….”

“Gjin probleem”
Harsens derby (313)
Jong Skotlân ferlear dan wol mei 2-1 fan Iislân, mar de Skotsjes makken wol de moaiste goal:


