Weppers woansdei 12-3-2024

SDS-League: Franks ‘Beter Horen’ pakt de wykpriis!
12 maart 2024
Programma freedtejûn
14 maart 2024

Folle aginda

Der stiet hiel wat op it programma de kommende wiken by SDS:

SDS-FIFA-toernoai

Kommende freed is der fanôf 17.00 oere it SDS-FIFA-toernoia foar de SDS-jeugd oant en mei de JO13-1 mei stipe fan WD-Sat.

7×7

Freedtejûn geane de 7×7-toernoaien ek wer los. De manlju fan SDS 2 en 3 meie dan foar it alderearst los en begjinne mei in thústoernoai. It begjint yn Easterein om 19.30 oere.

Sneon QVC 1 – SDS 1

Sneon spilet SDS 1 yn Starum in wichtige wedstriid tsjin degradaasje tsjin QVC 1. De wedstriid begjint om 14.30 oere.

Poiesz-aksje

Jim kinne noch oant en mei 7 april munten sparje by de Poiesz yn Skearnegoutum. Wy geane dizze wike foar de drúven. Sûn, lekker en ek noch 15 munten der by. Smyt se yn de SDS-koker. De munten wolteferstean.

Sponserjûn

Nije wike freed 22 maart is de SDS-sponserjûn mei as sprekker behingkening John van Zweden. De ynrin is fanôf 20.00 oere.

SDS-supersneon

Sneon 23 maart spylje SDS 1, 2 en 4 thús en organisearet de SDS-feestkommisje in SDS-supersneon. Jim wurde allegear yn it swart-wyt ferwachte:

Kantine tongersdei

Tongersdei is de kantine wer iepen fanôf in oer as 20.15 oere. Op it grutte skerm is fanôf 21.00 oere Aston Villa – Ajax te bewonderjen. De âld-foarsitter soarget foar de hapkes en de snapkes.

De nije Treffer

As it meisit dan falt kommende wykein de nije Treffer by jim op de doarmatte.

Harsens derby (2234)

Knappe ôftraap……….