Weppers woansdei 12-11-2025

SDS-League: Stefan van der Velde pakt wer ris in wykpriis!
11 november 2025
Fuotbal op freed
13 november 2025
SDS-League: Stefan van der Velde pakt wer ris in wykpriis!
11 november 2025
Fuotbal op freed
13 november 2025

SDS-ledengearkomst

Moarntejûn is der om 20.30 oere de jierlijkse ledengearkomst fan SDS yn de kantine. Jim binne fan herte wolkom. It is dus net om 20.00 oere sa’t wy earder melden.

Lourens

Lourens van der Pol rekke sneon blesseard yn de wedstriid SDS 1 – Sleat 1. Lourens lit witte it goed te meitsjen en de skea liket ta te fallen. De binnenbân fan de knibbel is wat ferrekt, mar it liket goed mei de meniskus en krúsbannen. Dat klinkt dus aardich posityf.

Sportbibel

By Be Quick Dokkum 8 joue sy de tsjinstanner foar de wedstriid in sportbibel. Dit lêze wy yn in artikel fan Omrop Fryslân(sjoch hjir). Guon spilers fan SDS 4 hawwe al oanjoen folgend jier by Be Quick 8 yn de kompetysje te wollen. As it ek helpt om blessures earder te better te meitsjen soe it in útkomst wêze.

Oefenje

Wa ’t tiisdei 18 novimber net nei de bekerwedstriid Drachten 1 – SDS 1 giet kin tichterby miskien nei in oar leuk potsje. Yn Nijlân oefenje namelijk sc Cambuur JO15 en FC Emmen JO15 tsjin elkoar. De wedstriid begjint om 18.00 oere.

Harsens derby (2342)

8 wiken traind op frije trapen en dan bard dit…….