Sponsor- & Vriendenavond SDS – 16 april 2026
30 maart 2026Topper
Sneon wurdt it restant ferspile fan de wedstriid SDS 1 – Delfstrahuizen 1. In wiere topper tusken de nûmers 2 yn de 4e Klasse A. De winner wurdt koprinner en mocht it lyk bliuwe dan bliuwt Creil/Bant koprinner. Nei dizze wedstriid binne der noch mar 4 wedstriden te baljen. De wedstriid waard 2 wiken werom staakt nei in ûngelokkige botsing tusken twa spilers. De wedstriid wurdt hervatten mei in skiedsrjochtersbal rûn de middenline.
De tagong foar dizze wedstriid is fergees en hjir sit it programmaboekje by yn.
Nei de wedstriid is der fansels wer it draaiend rad yn de kantine.
Kom allegear SDS 1 stypjen yn de striid om it kampioenskip!

Opereard
Lourens van der Pol hat moandei yn Amsterdam in nije knibbelbân krigen. Lourens lit ús witte dat it hiel goed mei him giet en dat hy alwer aardich mobyl is. Hy sil tongersdei foarsichtich probearje mei te trainen en mocht dit goed gean dan sit hy sneon by SDS 1 tsjin Delfstrahuizen 1 alwer op de bank as supersub.

Ut de alde doaze
Robert Sijbesma en Gert-Jan Hiemstra hawwe yn in fier ferline by Sneek Wit-Zwart balle. Yn dy tiid hjitte it noch Sneek Hovis. Sy spilen dêr yn de A-junioaren. Sy steane op dizze foto mei ûnder oare Jappie de Boer, de hjoeddeistige foarsitter fan vv Nijland.

De Treffer
De nije Treffer leit by ús haadstiper Drukkerij Van der Eems en wy hoopje dit peaskewykein by jim troch de doar.

Kantine
Tongersdeitejûn nei it trainen is de kantine iepen. Robin van der Weg sil jim foarsjen fan hapkes en snapkes.

Aaipop
Kommende moandei is wer it jierlijkse peaskefeessie Aaipop yn Nijlân. Dit kear stiet âld-SDS’er Roan Lichthart om 14.15 oere yn de Reboeljeromte mei syn band Asbest.
Roan wennet yn Kûbaard en fuotballe oant sa ’n 10 jier werom by SDS. No timmert hy oan de dyk mei syn bandsje Asbest en wat ús betreft de muoite wurdich om moai op tiid al efkes yn Nijlân te sjen peaskemoandei. Sjoch hjir alfêst Asbest by Noardewyn live om yn de stimming te kommen.

Roan Lichthart
Roan as oanfierder fan de JO15 yn it seizoen 2015-2016.
Lokwinskuhuhuhuhuhuhuhuhuhuhh!
Jesse van der Weide fan SDS 2 fiert hjoed syn jierdei! Wy winskje him in hiele noflike dei ta!

Jesse wurdt hjoed fêst wer oerladen mei kado’s.
Harsens derby (2375)
Hy bliuwt leuk. 😉
Can’t stop laughing at this 😂 pic.twitter.com/2ChCLapk7F
— Dirty Footballer 👊 (@DirtyFootbaIIer) February 25, 2024


