Weppers tongersdei 5-9-2019

Weppers woansdei 4-9-2019
4 september 2019
Weppers freed 6-9-2019
6 september 2019

SDS VR1 – Dronrijp/Foarút VR 1     6-4

Neidat sneon dizze wedstriid ôflast wie, hien we juster dan echt ús earste bekerwedstriid. Tiisdei binne wy mei it team ne de Oranjeleeuwinen west. Hjir he wy sjoen hoe we it dwaan moasten, sy hien nammentlik mei 3-0 fan Turkije wûn.
Om 8 oere hjerden wy it earste fluitsinjaal en wie de wedstriid los. Dronryp begong sterk, setten druk en skoarden dermei al snel de 0-1. Wy wisten dat dit in spannende wedstriid wurre koe mar om sa snel achter te stean wien wy it net mei iens. Derom kwam Hester goed yn aksje en skoarde sy al snel de 1-1. Eefkes letter krije wy in frije trap op de helt fan Dronryp. Sieta nimt dizze, hy komt goed richting it goal mar krekt tsjin de latte oan. De bal bliuwt bij it goal fan Dronryp, iederien dy’t de bal krijt probeert m yn it goal te krijen. Dit wie noch al muoilik mar uteindelik krijt Kirsten de bal der toch yn: 2-1. Dronryp krijt dat ek wer in kâns en sjit de bal ek wer moai yn ús goal helaas. Wer in gelyk spul. We he noch in pear minuten foar rust. Dronryp komt gefaarlik op ús ôf mar troch in sterke ferdediging komme sy der net trochhinne. Wy bouwe dan goed op, Jeska krijt de bal alwer foaryn en sjit de bal dan keihurd it goal fan Dronryp yn. Mei 3-2 gean we dan ek de rust yn.
Nei de rust krije wy in ekstra spiler op it fjild: in kat. Hy woe graach meidwaan want kaam mar steeds wer werom. Nei in pear kear him fan it fjild te helle he, het hy de wedstriid fjirder achter it rút sjoen. Wy skoarden yn de twadde helt noch 3 doelpunten: Seriette sjitte op goal, dizze kaam fia de keeper tsjin de latte. Kirsten is super trochrûn en stoen dertroch perfect en sjitte de bal der as noch yn. De letste twa doelpunten fan ús binne beide skoard troch Benthe. De fyfde skoarde se troch in goeie ôfstânsskot en de sechsde wie ek in super goal. Dronryp wie dizze helt iets minder sterk mar kaam soms toch noch gefaarlik bij ús goal. Sy he dan ek noch twa goals yn dizze helt skoard mar dit wie dus net genoch.
Hjirmei de earste wedstriid alwer wûn en dus in goeie start fan dit seizoen!
Oankommende sneon he wy in útwedstriid om healwei 1 tsjin en yn Tsjom.

Groetjes Lysanne!

Sybrecht

Juster wie it safier. Sybrecht as “oranjevriendje” it fjild op oan de hân fan ien fan de spilers fan it Turkse elftal yn de wedstriid tsjin de “oranjeleeuwinnen”. Sybrecht kaam goed yn beeld.

Ek interviewden se har foar de Ljouwerter krante. Sybrecht hat in machtichmoaie jûn hân!

Okke

Yn it augustus nûmer  Voetbal Friesland (het magazine voor voetbalminnend Friesland) dizze kear ûnder oaren reportaazjes oer Kik Pierie, Koen Brack, Robin Huisman de Jong en ….Okke van der Kamp. Ofsjoen fan it feit dat de skriuwer gjin idee hat wêr’t it Aldegea fan Okke leit, jout it in kreas byld fan Okke syn droktes. Sjoch hjir