Weppers tongersdei 5-12

Bouwbedrijf Bootsma nije websidesponser
4 december 2013
SDS League: 2 wykpriiswinners!
5 december 2013

Programma sneon 7 desimber
As alle wedstriden sneon wol trochgean witte wy net, mar it programma sjocht der no noch sa út.

A2
A2 traint jûn net. Sinterklaas, wat ôfmeldings en it waar.
Boudewijn


C1 en D1
Sawol D1 as C1 hawwe jûn gjin trainen.
Ayanle en Wytze

D4
Wegens harde wind en vliegende pieren geen training vanavond
Gr Libbe

SDS 2
Om ’t it trainen dochs neat wurdt, om ’t eltsenien sa senuweftich foar de komst fan Sinteklaas, giet it trainen jûn net troch. De mannen fan SDS 2 wurde wol yn de kantine ferwachte om 20.00……

Treffer
Foar de Kryst komme wy fansels wer mei in nije Treffer út. As jim noch wat foar de nije Treffer hawwe dan wolle wy dat graach hawwe. Dan graach foar freed 13 desimber maile nei
DeTreffer@vv-sds.nl.

Blesseard
It liket net goed mei de knibbelblessure dy ’t Jaap Toering sneon oprûn hat. De knibbel is noch altiten dik en Jaap tinkt sels net dat hy foar de winterstop wer keepe kin. Wy winskje him betterskip!

Dooitze skroeft Jaap syn knibbel wêr fêst….
Foto Henk Bootsma

Swart-wite-Pyten
Pieter de Boer kaam fannemoarn Swarte Pyten tsjin yn Snits mei wol hiel bysûndere sokken:
Permalink voor ingesloten afbeelding
SDS-sokken steane ús allegear

Tweet
Dizze tweet seagen wy foarby kommen by IJVC. By SDS sille wy hjir net gau lêst fan hawwe……….:
Vroegtijdige problemen voor IJVC 3. Veel blessures en tijdstip 12.15 is niet ideaal doordat spelers jeugdleider zijn. Wedstrijd uitgesteld.

Sneu
De F-kes treffe it net. Foarige wike woansdei koenen sy al net traine om it fjild, ôfrûne moandei waard it neat en ek juster koenen sy op ‘e nij net traine hawwe wy begrepen. Lokkich genôch kinne sy sneons wol eltse kear fuotbalje.

Sinterklaasje
Fan Sinterklaas hawwe wy fernommen dat hy jûn foar SDS 2 in hiele bult kadootsjes yn de kantine bringe sil. Wy binne benijd as hy net fuortwaait en wa ’t hy mei werom nimme sil nei Spanje.


Proeflotte?
Nederlân treft it mar mei de WK-lotting(klik hjir). Moarn is fansels pas de lotting, mar fan eardere edysjes witte wy dat de proeflotting eins de échte al is.

Harsens derby(1164)
Luis Suarez is net allinnich in “hongerige” spits dy ’t goed is yn schwalbes. Hy kin ek hiel goed fan in meter as 40 sjitte: