Weppers tongersdei 4-9-2025

Weppers moandei 1-9-2025
1 september 2025
Weppers freed 5-9-2025
5 september 2025
Weppers moandei 1-9-2025
1 september 2025
Weppers freed 5-9-2025
5 september 2025

Kantine

It is septimber en dat betsjut dat SDS de kantinetsjinsten wer oernimt fan de Keatsferiening. Jûn mei Wiebe Heeres it spits ôfbite efter de bar. Hy hat fêst Nederlân – Poalen op it grutte skerm. No al nocht yn.

De nije SDS-League

Wy hoopje hjoed mei de nije ynskriuwformulieren foar de nije SDS-League te kommen. De seleksjes wienen juster noch net oanpast by Gratisvoetbalmanager.nl en dan kinne wy net fierder. As it tsjinsit dan binne de nije ynskriuwformulieren der moandei pas…… Jim kinne fansels al wol fêst betinke wa’t jim yn jim team hawwe wolle 😉

Litouwen – Nederland

Jûn spilet it Nederlans alvetal yn de Kuip foar de WK-kwalifikaasje tsjin Poalen en snein spylje sy út tsjin Litouwen. Jûn sit SDS’er Dirk de Jong yn de Kuip en snein sit der sawisa ek in SDS’er yn Kaunas yn Litouwen yn it stadion. Jelmer Posthumus sil der namelijk hinne. Syn heit Appie frege wêr as hy Jelmer yn it stadion oan herkenne kin; ‘ik gean wol streaken’,  sei Jelmer. Wy binne benijd.

Jelmer (mei de klean noch oan) mei heit Appie.

Harsens derby (2321)

Hy hat him hast…………

 

Letter miskien wol mear!