Weppers tongersdei 29-11

Weppers woansdei 28-11
27 november 2012
Sinteklaas
29 november 2012

E2 giet wol troch
Der wiene wat geruggies dat E2 gjin trainen hat hjoed. Dat is net wier. Ruurd kin net mar Klaas wol. Dus E2 traint gewoan.

Hecht
Justerjûn moast Jacob-Klaas Haitsma nei in ûngelokkige botsing op trainen nei it sikenhûs. Mei wa hy in botsing hân hat witte wy net, mar der siet yn elts gefal in flinke Jaap yn syn skinebonk. Yn it sikenhûs hawwe sy der 3 hechtingen yn setten.

Nijland B1 – SDS B1
Wie útsteld fan sneon nei justerjûn en it hat resultearre yn in 1-1 einstân.

SDS 1 seal wint
De sealfuotballers fan SDS 1 hawwe justerjûn mei 9-3 wûn fan GAVC 2. Nei 5 wedstriden hat SDS 1 no 10 punten. De goals waarden makke troch Wichard(3x), Klaas(2x), Jacob, Pieter en Willem(2x). It wie Harm-Auke Dijkstra dy ’t (neidat der syn sliepkertierke hân hie) fluite om ’t de KNVB-skiedsrjochter net koe.
It hichtepunt fan de wedstryd wie de earste goal fan SDS. GAVC trape ôf en nei wat hin en wer gepiel en de Grouster keeper meirûn oan ’t de middenline ferspilen sy de bal op de SDS-helte en mei it earste SDS-balkontakt skoorde Wichard fanôf sa ’n 30 meter.

Wûn, mar toch ek wat ferlen!
Ofrûne sneon hawwe wy mei it fiifde goeie saken dien en mei 5-1 wûn fan DWP. Spitich genôch haw ik wat ferlen. Ik bin fanof sneon myn SDS trainingsjaske kwyt en soe dizze graach werom hawwe wolle.
Yn de bûse fan it jack syt in dokumint fan de jongerein kommisje en in pear Derbystar wantsjes.
Witst wêr ’t myn jaske is? Skilje dan mei 06-26785381 of mail op schaarha@gmail.com
Gr. Hans van der Schaar

Programma sneon
Der binne sneon wer aardich wat wedstriden. Wij sjogge de nijsgjirrrige derby Oosterlittens A1 – SDS A1 stean. Foar it hiele programma sjoch
hjir.

Dooitze net, mar Ant
Dooitze lit witte dat hy der jûn net is om te striken. Ant nettsjinsteande komt wol.

Fan herte lokwinske!
De jierdeis by de famylje Van der Schaar binne dizze dagen net skaars. Hjoed is Luuk(D2) jierdei en moarn syn broerke Sije(F2). Beide fan herte lokwinske! Ek mei de jierdei fan jim broer(ke) fansels.

De âlde doaze
Kampioen wurde en dan efter
op de auto dat wiene nochris tiden. Kenne jim se noch? Wij net.

Harsens derby(901)

Dy sit knap!