SDS-League: ‘FC Dronryp’ pakt de wykpriis!
28 april 2022Weppers freed 29-4-2022
29 april 2022SDS 1 – Tonego 1
Foar wa ’t fan doel is om sneon efkes by SDS 1 yn de polder te sjen. De wedstriid begjint om 15.00 oere yn Luttelgeest.
Wepwinkel
Wy binne mei ús kleanstiper Muta dwaande om in nije wepwinkel te meitsjen. Jim kinne hjir alfêst sjen hoe ’t soks der ûngefear útsjen giet.
Op=op
Der binne noch altiten SDS-klean te krijen foar in spotpriiske. Wolle je wat hawwe nim dan kontakt op mei Bauke de Boer: 0629892380. Hjir kinne jim sjen wat der sa al noch te krijen is:
Kantine iepen
Jûn is de kantine wer iepen. De foarsitter soarget wer foar de hapkes en de snapkes. En Feyenoord – Olympique Marseille fanôf 21.00 oere op it grutte skerm. Dit koe wolris in memorabel jûntsje wurde.
De âldste doelpuntenmakker fan SDS 1
Wy kamen der efter dat yn it klassemint fan de âldste doelpuntenmakker fan SDS 1 wy in nije nûmer 2 hawwe. Hendrik de Jong skoorde op sneon 30 oktober yn de wedstriid tsjin Heeg en doe wie hy 39 jier 4 moanne en in pear dagen. Hy hie ôfrûne sneon skoort dan hy hie op 1 kaam. Wy rekkenje der op dat Hendrik de Jong dit seizoen sawisa de nije nûmer 1 wurdt, mar wannear soe hy syn 112e goal meitsje yn SDS 1?
1. Feite de Haan, 39 jier, 7 moanne en 22 dagen (28-1-2017 goal tsjin Oudehaske).
2. Hendrik de Jong, 39 jier, 4 moanne en .. dagen (30-10-2021 goal tsjin Heeg).
3. Willem Wijnia, 38 jier, 8 moanne en 10 dagen (27-9-2014 goal tsjin Mulier).
4. Harm Stremler, 37 jier, 11 moanne en 20 dagen (15-9-2012 goal tsjin ONT).
5. Wichard Deinum, 37 jier en 27 dagen (23-4-2005 goal tsjin Kootstertille).
6. Douwe-Dirk Reitsma, 34 jier 11 moannen en 27 dagen (19-3-1994 goal tsjin Rijperkerk)
7. Jappie Wijnia, 34 jier, 5 moanne en 10 dagen (14-9-2002 goal tsjin Workum).
De keepers fan SDS 3
De earste keeper fan SDS 3, Marten Faber, is wolris blesseard of moat wurkje en kin dan net keepe. SDS 3 hat hjirtroch dit seizoen al hiel wat keepers fersliten. Dit seizoen hawwe al keept: Marten Faber, Wietse Vink, Yward Zijlstra, Mark Klijnsma, Jan van der Vaart, Stijn Schildkamp, Jeffrey van der Werf en Bote Strikwerda. Sneon is nûmer 9 oan de beurt? Wa soe it wurde?
Teamuitje
SDS 2 sil sneon nei de wedstriid by sc Franeker 2 der mei syn allen op út. Sy geane sneon foar de foar 5 B’s. Oftewol Balje, Bowle, Bunkerje, Biere en Betink sels mar wat.
Harsens derby (2371)
Ho!
— Willem Haak (@WillemHaak) April 28, 2022