Weppers tongersdei 28-11-2024

SDS-League: Dirks ‘Twaalfde Man’ oppermachtich!
26 november 2024

Bluesky

X (earder Twitter) foldocht ús hieltiten minder en dêrom hawwe wy besletten om oer te gean op Bluesky.
Jim kinne ús hjir fine: vv-sds.bsky.social.
Folgje ús ek dan kinne wy ynkoarten hielendal fan X ôf.
Bluesky Social Logo PNG vector in SVG, PDF, AI, CDR format

Grut ûnderhâld

De Skoalleseize hat tiisdei wer grut ûnderhâld dien oan it keunstgersfjild. It leit der wer by as in biljertlekken. Tige tank hjir foar!

Fersetten

De ôflaste wedstriden fan ôfrûne sneon fan SDS 2 (út nei Workum), SDS 3 (út nei Balk) en SDS 4 (thús tsjin Heerenveense Boys) binne fersetten nei sneon 18 jannewaris. SDS 1 spilet dan al thús tsjin DTD 1.

vv Marrum

Sneon moat SDS 1 út tsjin vv Marrum 1. Ofrûne freed stie der noch in nijsgjirrich stik oer vv Marrum yn de Ljouwerter Krante. Sy hawwe deselde problemen dy’t SDS earder ek hân hat, mar lokkich genôch by SDS oplost binne troch it keunstgersfjild. By vv Marrum soenen sy it sa ek graach hawwe wolle. De foarsitter fan vv Marrum hat der wol in smoarge spikerbroek foar oer.

Bron: LC.nl

Blessures

Wy krigen fan ien dizze sportgids oer blessures. It is wier de muoite wurdich efkes oom troch te lêzen as je in blessure hawwe of noch better om blessures te foarkommen. Sjoch hjir mar ris.

Moai as je dit wat foarkomme kinne

Harsens derby (2281)

Ho!

 

Letter miskien mear!