Weppers tongersdei 26-2-2026

SDS-League: Thys Bruinsma’s ‘FC Lollum’ pakt de wykpriis!
24 februari 2026
SDS-League: Thys Bruinsma’s ‘FC Lollum’ pakt de wykpriis!
24 februari 2026

Lyts programma

Foar sneon is der mar in lyts jeugdprogramma. Allinnich SDS JO8-2 en JO13-1 hoefe te baljen.
By de senioaren moatte sawol SDS 2,3 as 4 los.

Wa hat skoord foar SDS 3?

SDS 3 ferlear sneon mei 2-3 fan Hielpen 2 en dat wie in fikse domper. No binne wy der allinnich noch net efter wa ’t der foar SDS 3 skoord hawwe…. Wa soe dit maile of appe kinne nei de wepmasters?

SDS’ers der op út; El Gran Derbi!

Kommend wykein is der in ynhelwykein, dus dan kinne je der eindelijk in kear op út. Guon geane te skiën of nei de Huttenheugte en oaren sykje in leuk potsje fuotbal op. Inkelde SDS’ers binne wiere leafhawwers en hawwe der foar keazen om dit wykein nei El Gran Derbi yn Sevilla te gean. Dat is dé wedstriid yn Sevilla tusken de beide rivalen Real Betis Sevilla en Sevilla. Neffens Sierd de Vos sels de moaiste derby fan Europa. Mar hy hat noch nea by SDS – Nijland of sc Heerenveen – sc Cambuur west miskien. De wedstriid is sneintejûn om 18.30 oere. Wy sjogge no al út nei de foto’s en de ferhalen.

Kantine

Der is jûn wer trainen yn Easterein en Enne Jehannes Bruinsma sil elkenien nei de tiid foarsjen fan hapkes en snapkes.

Harsens derby (2370)

Huh!

 

Letter mear!