Gezocht: trainer/coach vv SDS 2
20 januari 2026Trainer socht
Oefene
SDS 1 hat tiisdeitejûn yn Easterein oefene tsjin vv Oosterlittens 1. It tafal wol dat sawol SDS 1 as Oosterlittens 1 op dit momint koprinner binne. SDS 1 yn de 4e-Klasse A en Oosterlittens yn de 4e-Klasse B.
De earste helte wie SDS sterker, mar dit levere gjin doelpunten op. De earste kear dat Easterlittens in bal tusken de peallen besiket te sjitten giet de bal der al yn.
By de rêst is it dan ek 0-1, mar ien minút nei rêst makket Wiebe Heeres de 1-1 fia in spiler fan Littens.
SDS krijt hjirnei al gau in strafskop, mar Wiebe Heeres sjit op de peal. Op oanjaan fan Tim Sweering makket Jelmer Brouwer in pear minuten letter al de 2-1.
Nei geskutter efteryn by SDS sjit keeper Jan-Peter Bootsma de bal tsjin in spiler fan Littens oan en rollet de bal fan 25 meter ôf de lege goal yn en wurdt it 2-2.
Fanôf de ôftraap ferspilet SDS de bal yn de opbou, giet de bal hurd nei foaren en sjit ien fan Littens de bal tsjin in hân fan in SDS’er.
Skiedsrjochter Hendrik de Jong kin net oars as op ‘e nij in pengel jaan. Dy fan Littens giet der al yn en sa stiet it samar 2-3.
Nei in knappe oanfal en in noch kreasere ôfronding fan Jelmer Brouwer, dy’t fan 20 meter mei links hurd raak sjit, wurdt it noch 3-3.
Hjirnei komme der gjin kansen mear en bliuwt it 3-3.
Oefenje
SDS 1 sil net sneon mar tiisdei op ‘e nij oefenje. Sy spylje dan om 20.15 oere de oefenderby tsjin 3e-Klasser Nijland 1.
Betterskip
Jesse van der Weide is ferline wike holpen oan syn knibbel. Hy krige lyk de folgende dei al in ‘fruitmand’ fan SDS 2.
Der sieten allinnich mar dingen yn it pakket dy’t Jesse no goed brûke kin lykas in iisbergsla foar de fitaminen, in skjirke om syn snor by te hâlden op de bank, in griper om spullen te pakken wylst Jesse op de bank sitten bliuwe kin, deo om droech te brûzen, in boartersguod auto, want Jesse syn auto is ek stikken, mar hy mei no dochs in skoft net ride en sa noch folle mear.
Wy winskje Jesse in soad betterskip en wille mei syn ‘fruitmand’.

Kantine
Jûn is de kantine nei it trainen wer iepen. Webmaster Willem hat bartsjinst. No ’t hy wit wêr’t Abraham de mosterd hellet kin hy dat jûn moai meinimme nei de kantine. Dan jûn mar kroketten ynstee fan frikandellen. De kantine is fanôf 20.30 oere iepen en der is fuotbaljen op it grutte skerm.

Sprekkers
Foar wa ’t ris nei in sprekker wol hawwe wy in tip.
Johan Derksen komt op sneon 14 febrewaris yn Harteluk Hotel Joure.
Guus Hiddink komt op sneon 21 maart.
It begjint om 19.30 oere en it kostet €27,50 p.p.
Je kinne je opjaan fia joure@harteluk.nl
As der mear as 20 SDS’ers komme dan regelt Klaas Westra dat in groep SDS’ers ris nei Voetbal Inside mei.

Lokwinske!
SDS-omropper, skiedsrjochter en topfrijwilliger Enne Jehannes Bruinsma is hjoed jierdei. Fan herte lokwinskuhuhuhuhuhuhuhuhuhuhuhuhuhuhuhhh en in hiele noflike dei tawinske!

Sparje foar SDS
Hawwe jim dizze app al delhelle?
Troch bygelyks by de Jumbo te boadskipjen kinne je dêrmei jild foar SDS sparje.

Harsens derby (2357)
De grûn is lava…….
When FC Copenhagen scored a goal without the ball touching the ground pic.twitter.com/VTvtZY2fqI
— Dirty Footballer 👊 (@DirtyFootbaIIer) January 17, 2026

