Weppers tongersdei

SDS League: Dooitze yn de prizen!
29 oktober 2008
Weppers freed 31-10
30 oktober 2008

WPB 1 – SDS 1
De wedstryd tusken WPB 1 en SDS 1 is op ‘e nij fêststeld troch de KNVB. Dizze wedstryd is no op tiisdei 4 novimber om 20.00.

Skorst
Mark Postma is sneon frij. Hy is foar ien wedstryd skorst.

Nederlânsk frouljusteam
Jûn geane der 12 SDS’ers nei de frouljuswedstryd foar EK-kwalifikaasje tusken Nederlân en Spanje yn Volendam. Wy hoopje foar jim dat de Nederlânse froulju it better dogge as de mannen fan SC Heerenveen juster, want oars hawwe sy gjin kans al hawwe sy de earste wedstryd mei 2-0 wûn.

Training
Juster kaam der yn Easterein in groep kursisten fan ex-betelle profs mei Lody Roembiak yn it kader fan oefenmeester 3. Wy krigen in útgebreid ferslach fan dizze middei fan Klaas Pompstra en in bult foto’s fan Jan-Rinse Blanksme. As wy tiid hawwe dan komme sy op de webside. Hooplik wurdt dat jûn.

Herken de stem
Hjir wer in leuke kwis fan de VI-webside. It sil ús benije hoefolle jim goed hawwe (klik
hjir).

Derby
Juster wie de Londense derby tusken Arsenal en Tottenham Hotspur. De Spurs dogge it noch net sa best yn de Premier League, mar foar de wedstryd tsjin aartsrivaal Arsenal binne sy ekstra skerp. Hielendal nei soksoarte útspraken (klik hjir).
It waard juster úteinlik 4-4…….. Twa minuten foar tiid wie it noch 4-2 foar Arsenal. 

Remi
Yn Frankryk wennet Rémi Gaillard. Dizze Rémi fielt him wolris wat iensum en siket dan de drokte op. Hy mei dan graach yn de skijnwerpers stean. Sa feeste hy yn 2002 mei de spilers fan it Franse Lorient mei op it fjild doe ’t sy de beker wûnen. Hy wie lyk ien mei de spilers. Dit hat hy ynmiddels alris faker dien by oare eveneminten. Ynmiddels kin eltsenien yn Frankryk dizze “ûnbekende” man en wy no ek(klik hjir).


Sorry
It slagget mar net om gjin grapkes oer Feyenoord op de webside te setten:

Knudde460
Knuddeclou